Blog Sigrid Kingma: Winnend wurk

logo.ensafh

Der is ien reden om wol in bondel te meitsjen. Foar de eare en rom. Foar de mooglikheid om literêre prizen te winnen. No, it skynt dat ik ferline wike wat wûn ha, mei in hiel soad oare dichters. De Piter Jelles Troelstrapriis gie nei it projekt Poetic Potatoes. Net dat ik der wat fan meikrigen ha, ik wie net iens útnoadige foar de priisútrikking.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Blog Lomme Schokker: It Helgolânske fiersicht (2)

logo.ensafh

Wer bist du, Tineke?
Dein Ansichtssendung aus Fryslân, die ehrliche Seele. Ik bin dyn eagen. Ik bin dyn earste en lêste leafde. De meireizger yn fertrouwen. It fjirde klasse HBS-provinsjaaltsje, dy’t foar it fak Dútsk der sa min foarstiet dat se de suggestje om yn dy ûneinige fakânsje in wike by heit syn Dútske kunde te útfanhûzjen wol serieus nimme moat. In skruten famke dy’t woe dat se wie as har heit, want dy wit wat er wol en seit wat er tinkt.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Blog Abe de Vries: It Taalweb Frysk hat in bjuster brek

logo.ensafh

Sûnt 2 febrewaris 2015 stiet it Taalweb Frysk online. It is in portal, ûntwikkele troch de leksikografen fan de Fryske Akademy, mei helpmiddels ‘foar elkenien dy’t Frysk skriuwe wol’. Dat Taalweb Frysk, mei ‘in ferskaat oan fergees digitaal skriuwark’, is hjir te finen. Ik meitsje der in protte gebrûk fan en ik kin it fan herten oanbefelje – mar ien ding kloppet net.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Busreiske Auschwitz

logo.ensafh

It iepenbier ferfier is net echt myn ding. Ik tink dat in soad Friezen der krekt sa oer tinke, nettsjinsteande de ferwoeden ynspannings fan deputearre Johannes Kramer om mear minsken de bus yn te krijen. Wy Friezen hechtsje oan ús auto, omdat sa’n bus faaks net op de tiid dy’t jo wolle op in bepaald plak komt. En by de measte Friezen is it no ienkear sa dat tiid tiid is. As je om njoggen oere earne wêze moatte, komme net om kertier oer njoggenen oanskiten omdat de bus der net earder wie.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Jaap Slager: Bin ik no sa dom of…

logo.ensafh

Wat ûnkrekter wat moaier
Ja, roppe jim al yn koar, noch foar´t ik de titel goed en wol ôfbreide haw, hahaha.
Mar wier, bytiden wit ik it net mear. Ik jou grif ta dat der in snuorje west hat dat men suver wee yn it liif waard fan ´e politike krektens, mar op it heden lykje wy in rite te hawwen fan: wat polityk ûnkrekter wat moaier. Is it tsjintwurdich ferbean en brûk jins harsens noch, of is it langer net fertroud en jou in besonken oardiel?

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder