Kollum Aant Mulder: Lêswille moat leard wurde

logo.ensafh

Fan ’e wike lies ik dat de learlingen yn it fuortset ûnderwiis hieltyd minder begripe fan wat se lêze. Wy ha it dan oer in fjirdepart fan de fyftjinjierrigen, dy’t yn 2018 oan it ûndersyk fan PISA (Programme for International Student Assessment) meidien ha. Op dat ûndersyk binne de útspraken basearre. Ferlike mei de lannen om ús hinne reitsje wy hieltyd fierder efterop. Ien op de fjouwer lêst dus net goed genôch mear om de lêzen teksten goed te begripen. Sokken ha gau har nocht fan it lêzen. Dy groep, dy’t net folle oan lêzen fynt en neat begrypt fan lêswille, wurdt hieltyd grutter.… Lês fierder

Blog Abe de Vries: Frysktaligens folle grutter as tocht wurdt

logo.ensafh

Dy’t witte wol hoefolle persint fan de ynwenners fan Fryslân harsels as Frysktalich beskôgje, is noch net jierdei. Dat sit sa: men wit it net. Undersiken binne der by ‘t soad, mar oft se allegear like betrouber binne is mar de fraach. Boppedat binne se net goed mei elkoar te ferlykjen: ûndersyksfragen en ûndersykspopulaasjes rinne útinoar en de ûndersyksmetoaden binne faak ek net ideaal.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Kollum Jan Schokker: Moraalfûgel

logo.ensafh

Smoke is gjin ferslaving, it is mear in softwareprobleem yn de harsens.
Al foar de ferbouwing fan ús wente wist ik dat ik myn wylde Havana-maten tige nedich hawwe soe foar it bekrêftigjen fan it boukundich tinkproses. Moarns betiid wie ik al op de bou en moast ik foar myn dwaan behoarlik skerp wêze, soks koe blykber net sûnder it hillich fjoer fan myn Kubaantsjes.

Lês fierder by It NijsLês fierder