Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 7: Willem Schoorstra

logo.ensafh

De Jongfryske Mienskip hat in podcast-pilot makke wêryn’t wy mei sân gasten prate oer ferskate ûnderwerpen oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit. Wy hoopje dat jimme der in soad harkwille oan belibje. Yn ‘e auto, by de kuier of mei byldskerm derby noflik op ‘e bank: lit it ús witte fia de sosjals mei it stekje: #JFMpodcast.

Yn dizze (foarearst) lêste ôflevering is Willem Schoorstra te gast. Súksesfol Frysk skriuwer, winner fan ferskate literatuer- en poezyprizen en bekend fan ûnder oaren de boeken Erfskip, Rêdbâd en Swarte Ingels.

Lês en sjoch fierder by de Jongfryske MienskipLês fierder

Kollum Arjan Hut:

logo.ensafh

Omdat ik gjin rydbewiis ha, is it in hiel oe heden om op Twadde Krystdei fan Ljouwert nei Surhústerfean te kommen. Earst mei de trein nei Bûtenpost, en dan mei in Opstapper (minstens in oere yn it foaren skilje) it lêste stikje. Yn de trein kin ik wol moai lêze, ik ha Fol gas sudenop fan Jelle Kaspersma (1948-2019) mei. Al gau stopje ik it bondeltsje yn de rêchtas, benaud om it stasjon wer ris te missen.

Op it stasjon in frou dy’t nei Surhuzum moat en in heal Nederlânsk, heal Ingelsk pratende Afrikaan dy’t yn Koatstertille wurket. Hy is benaud dat er syn buske mist hat en syn telefoan is op.… Lês fierder

Blog Koos Tiemersma: Smile!

logo.ensafh

Dat fotografy tusken alle oare keunstfoarmen in frjemde ein yn ’e byt is, wie my al opfallen doe’t ik as winner fan de Gysbert Japixpriis net keas foar in tradisjoneel skildere portret mar foar in foto.

Ik tocht deroan werom doe’t ik okkerdeis in artikel oer it spanningsfjild tusken foto en ferve lies fan Wieteke van Zeil (Volkskrant, 28-12-2023). Oanlieding wie in lêzersreaksje op de foto dy’t makke wie fan Dilan Yesilgöz doe’t se, ynsletten troch in keppel fotografen, in parsekonferinsje joech oer de nederlaach fan de VVD. ‘Wat in tafal, krekt in skilderij út ’e Renaissance!’ fûn de lêzer yn kwestje.… Lês fierder

Goffe Jensma: “De bern fan de rekken!”

logo.ensafh

Yn syn boek Exit Fryslân (Noordboek 2022) murk Goffe Jensma op hoe’t in kwetsbere saak as dy fan it ‘Frysk’ ek wurket as in soartemint fan seismograaf. Yn it lytse Fryske fjild fielt men earder guon trillingen dy’t letter ek folle bredere maatskiplike effekten hawwe kinne. Dat jildt bygelyks ek foar it Nederlânsk as fiertaal en as ûnderwerp fan taal- en kultuerstúdzjes oan universiteiten. Rekket it Nederlânsk op it stuit troch de rimpene en hastige feringelsking net krekt sa yn de nederklits as earder it Frysk? Yn in ynstjoerd stik yn Trouw dat ItNijs.frl hjir graach oernimt giet Jensma dêr djipper op yn.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Avondrood

logo.ensafh

Ik hebbe tiedens de beide kastdaegen de roman Avondrood van Corina Bomann lezen. Ik hadde de 572 bladzieden in wezen in een goeze uut. Wat een mooi, spannend en ontroerend boek. Et is et dadde en laeste diel van de Waldfriede-serie. Ik hebbe de veurige beide dielen vanzels ok lezen. Bomann het de boeken schreven naor anleiding van antekenings die verpleegster Hanna Richter van et ziekenhuus Waldfriede in Berlien-Zehlendorf maekt het. Zi’j het daor dattig jaor warkt en komt in alle boeken veur.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Jelle van der Meulen: Het beste Friese boek van 2023: ‘Salang it libben duorret’ van Sipke de Schiffart

logo.ensafh

Het eind van het jaar is de tijd van de lijstjes: de beste films van het jaar, de beste muziek, de beste boeken en dus ook de beste Friese boeken. Voor mij waren dat dit jaar Skearing en Ynslach van Bouke van der Hem, Erfskip. De saga fan Ubba Skylding fan Willem Schoorstra en bovenaan Salang it libben duorret, verhalen van Sipke de Schiffart.

Lês fierder by BrektLês fierder