Twa nije podcasts fan de Jongfryske Mienskip
Podcast nû 6:
Yn dizze sechsde ôflevering is Steven Sterk te gast. Steven útjouwer, boekhanneler, natuerleafhawwer en pasjonearre ferteller. It is wer in tige nijsgjirrige ôflevering wurden wêryn we fansels prate oer Fryske boeken en syn wurk as útjouwer en boekhanneler. Mar ek oer identiteit en wêr ‘t dy út bestiet, de yntellektuele leechte yn Fryslân wêrtroch ‘t gjin debat mooglik is oer identiteit en dêrtroch ek net oer wêr ‘t wy mei Fryslân hinne wolle.
https://www.youtube.com/watch?v=xJk8OxRlURY
Podcast nû 7:
Yn dizze (foarearst) lêste ôflevering is Willem Schoorstra te gast. Suksesfol Frysk skriuwer, winner fan ferskate literatuer en poezy prizen en bekend fan ûnder oare de boeken Erfskip, RêdBâd en Swarte Ingels.… Lês fierder