
De ûnder pseudonym publisearjende I.E. Bloem hat mei syn/har young adult roman It neidiel fan de twifel de Simke Kloostermanpriis fan 2022 krigen. Dit boek hat Bas, in jonge stoïsijn, as haadpersoan. Bas is 16/17 jier âld, stammeret en wurdt dêrom, mar ek om oare redenen flink pest op skoalle. Mei ien fan de slimste pestkoppen, de idele en waanwize Vera, mei er nei Bergamo om fjouwer moanne lang Italjaansk etc te learen. Nei in moanne moatte se haljetrawalje nei hûs ta fanwege koroana. Underwilens binne de geheimen fan de Italjaanske Julia en de ferstoarne heit fan Bas knap yntrodusearre yn it ferhaal as spanningselemint.… Lês fierder