It Kadoboek fan Swalk 2015 is De Ferjilder fan Marten Toonder yn de oersetting fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra. Tankewol. Ik haw my dêr in oere tige mei fermakke, sa’t ik dat altiten doch mei de wurken fan Bremer en Hoekstra. Op de bekende boartlike en fernimstige wize is it argayske Bommeltaaltsje oerset yn geef Frysk, yn in idioom dat foar 1940 noch húsriem wie yn beskate rûnten. Moai fan de Bommelútjeften yn oblongformaat is ek dat de kostlike tekeningen justjes wat grutter binne as yn de âlde Bezige Bij-paperbacks. En it jout pommeranten as Dijsselbloem (of syn foarljochter) werris de kâns om in ferdivedearjend foaropwurdsje te skriuwen.… Lês fierder
Fiksjebesprekken
De ûnmooglikheid fan learen
De romans fan Sjieuwe Borger falle op troch de gewoane minsken mei gewoane doelen en misjes. Gjin machtige kontininten wurde ûntdutsen, gjin eksistinsjele ekstremen wurde ferkend. Gjin bûtenierdske útstapkes wurde oangean, of it moast al wêze fia geastferromjende middelen. Dat Borgers eardere romans allegearre yn it akademyske fermidden spilen, sa’t de efterflap fan Eksamenjier suggerearret, is in fersin fan inkelde letters, – it giet om in alkoholysk miljeu. Sa ek de fierde roman, Eksamenjier, dy’t in klupke lêstejiers gymnasiasten en ateneumklanten folget. Net har hegere sosjaalekonomyske status, mei de dêrby hearende gruttere drankkonsumpsje, meitsje harren spesjaal. Dat docht harren minsklikheid dy’t Borger, mei syn oanhâldend optimistyske minskbyld en mei licht ferwizen nei de humanist Catullus, yn al syn teatraliteit delset.… Lês fierder
‘Is in oarloch sels ferskriklik, de neisleep is dat likegoed.’
Besprek Op klompen troch de dessa: Indiëgongers fertelle fan Hylke Speerstra
In keppel manlju stiet al mei bamboespearen en hakmessen om him hinne. Hy wrot him op ien side, dan op ’e rêch lizzend, as wol er him yn syn hiele hear en fear oerjaan. It stiel fan in hakmes wurdt him yn syn krús treaun. Hy wol sizze dat er him oerjout, siket om wurden yn de taal fan de oermacht. Se roppe en raze, hy begrypt dat er him útklaaie moat, besiket it, mar is ta neat mear yn steat. Dan wrame en snije se him alle klean fan ’e lea.… Lês fierder
Déjà-doch mar net
Besprek It Sunhouse Mystearje fan Anders M. Rozendal.
De mysterieuze titel en dito foarkant makken dat it boek my bot oanlake. In titel dêr’t fan alles fan te ferwachtsjen wie, in efterside dy’t ferhelle oer déjà-vu en déjà-vécu’s. It tinken dat je eat alris faker sjoen hawwe en it tinken dat je itselde al ris meimakke hawwe. Djipgong en útdaging, dat woe ik fine yn it boek en mei in soad entûsjasme sloech ik it iepen.
It boek ferhellet fan Janny dy’t nei in kuierfakânsje yn Ingelân ynienen dreambylden foar har sjocht dy’t op it ferline slaan. In soarte fan déjà-vu, mar dochs is dat krekt net genôch om te beskriuwen wat hja meimakket.… Lês fierder
Besprek ‘In nije heit’ fan Thys Wadman
Wa hat as bern noait syn nocht hân fan in strange mem? Of fan in heit dy’t je konstant oan de kop seurt? En wa soe dan net graach wolle dat heit of mem opsâlte, alteast foar eefkes. Meastentiids bliuwt it by tinken. Gerke, de haadpersoan út In nije heit, makket lykwols op in jûn syn argewaasje oer syn saaie, noartske heit kenber oan syn mem. Hy wol in oare heit ha, in nije heit. En it hoecht net iens in nijenien te wêzen. Twaddehâns mei ek.
In pear wike letter op syn jierdei, hy sil likernôch tsien jier wurden wêze, sit der in nije heit op de bank.… Lês fierder
Hast sechtsjinjierrige achtbaanrit
Besprek Femke Faalt fan Ate Grypstra
Ate Grypstra (1973) nimt de lêzer mei Femke Faalt (syn alfde boek al!) mei op in wiere achtbaanrit dy’t hieltiten trochdinderet en almar spannende en mâle draaiïngs makket.
Heftich! En oan dat debút (Hftch, 2008) docht my dit boek sa út en troch tinken. Mei oare wurden in flot, by-de-tiidsk en spannend e-boek. De skriuwer hat blykber in fassinaasje foar it morbide en grouwélige, want dy eleminten sitte njonken It Beest fan de Westereen (2011) – dêr’t boppedat yn Femke Faalt op in aardige wize nei ferwiisd wurdt – en Grutte Pier – Krús fan de Hollanner (2012) ek yn Femke Faalt befrissele.… Lês fierder
Tragyske skientme yn ’e parallelly
Besprek Frou mei mandoline op sofa fan Josse de Haan
It libben wurdt tekene troch djipte- en hichtepunten. It iene kin allinnich mar bestean yn it ljocht fan it oare. Josse de Haan hat dat skerp foar eagen hân by it skriuwen fan Frou mei mandoline op sofa en dy tsjinstellings en parallellen op in masterlike wize ferwurke yn syn nijste boek.
Froulju
Op ’e foarkant pronket in fariaasje fan it skilderij Frau mit Mandoline fan Max Beckmann. Froulju spylje in hiele wichtige rol yn it boek. Hja binne folle mear as it geslacht dêr’t de haadpersoan op falt en dêr’t er graach mei frijt, al spilet eroatyk in foarname rol.… Lês fierder