Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Janneke Spoelstra

logo.ensafh

Nije dichtbondel: ‘Langst fan ’e dagen’

Janneke Spoelstra (1962) is opgroeid yn Hijum. Se wennet no mei har freondinne Gatske, kat Noarke en hûn Tristan op in stjelp yn Alde Leie. Yn 2000 kaam har Fryske oersetting fan ’e roman ‘Pan’ fan Knut Hamsun út. Se debutearre yn 2004 mei de dichtbondel ‘Goeie is it wachtwurd’. Yn 2008 kaam har ferhalebondel ‘In Jikse-libben’ út. Har twadde dichtbondel ‘Langst fan ’e dagen’ is yn july ferskynd by de Friese Pers Boekerij. Janneke’s gedichten gean ûnder oare oer it plattelân fan Noardwest-Fryslân en de Fryske identiteit, binne licht iroanysk fan toan en moai byldzjend.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Anne Feddema yn Berlyn

logo.ensafh

Sûnt jannewaris dit jier wennet Anne Feddema (1961) yn Berlyn. Op it momint is er oan it skilderjen en dwaande mei in nije dichtbondel mei de titel: De kuierder treft de stjerren… en it swarte gat. Earder skreau er de dichtbondels Slapstickiepenbierings (1997), Reidhintsje op ’e Styx (2005), Torpedo’s Los (2010) en de bondel Skúnpútsersgúd (2009) mei in samling fan syn Ljouwerter kollums op Omrop Fryslân. Yn 2009 krige er de Gysbert Japicxpriis foar Reidhintsje op ‘e Styx en yn 2007 de Margaretha de Heer-priis fan ’e gemeente Ljouwert foar syn byldzjende keunst. Ik sykje him op yn syn appartemint yn de Sewanstraße, tsjinoer de Lidl supermerk.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Sjieuwe Borger

logo.ensafh

Nije roman ‘Simmer oan ’e Pikmar’ ferskynt dizze moanne by útjouwerij Hispel

Sjieuwe Borger (1964) is berne yn Meppel en opgroeid yn Grou. Hy hat rjochten studearre yn Grins en wurket yn de rjochtshelpferliening. Healwei de jierren njoggentich skreau er mei Durk van der Veen it lange ferhaal ‘Modesta’, dat yn ôfleverings publisearre is yn it tydskrift De Blauwe Fedde. Hy debutearre yn 2005 mei de roman ‘It ferrin fan de tiid’. Yn 2008 ferskynde syn twadde roman ‘Genesis Abbekatekantoar’. Yn 1988 al skreau er de roman ‘Simmer oan ’e Pikmar’. Borger hat it ferhaal oanpast en it boek ferskynt dizze moanne by útjouwerij Hispel.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Sigrid Kingma

logo.ensafh

‘Gelok fynst net troch it finen fan in klaverfjouwer, gelok fynst troch de tiid te nimmen om in klaverfjouwer te sykjen.’

Sigrid Kingma (1989) is dwaande mei in boek en in dichtbondel. Se studearret Nederlânsk yn Grins dêr’t se ek wennet. Oarspronklik komt se fan Drachten. Se is foarsitter fan de Fryske stúdzjeferiening Skanomodu en redaksjelid fan it Skanoskrift. Yn dat tydskrift skriuwt se in rubryk en wurde geregeld gedichten en ferhalen fan har publisearre. Op 2 july oansteande organisearret se foar de twadde kear tegearre mei har suske it metalfestival ‘Fuckpop’ yn Boelensloane.

Hoe giet it mei dyn stúdzje en hoe giet it mei de stúdzje Frysk yn it algemien?Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Cornelis van der Wal

logo.ensafh

‘By astrology giet it om it foarút sjen of fielen wat der barre sil, yn de wittenskip dat de tiid net bestiet.’

‘Kristus Pavlov’ hjit de nijste bondel fan Cornelis van der Wal (1956) dy’t dizze moanne útkommen is. It is syn sechde dichtbondel. Mei syn earste dichtbondel ‘In nêst jonge magneten’ wûn er yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Yn 2008 skreau er de novelle ‘Kening Kees’. Hy is redakteur en webmaster fan Ensafh en hat twa jier lang literatuerbesprekken skreaun foar it Friesch Dagblad. Hy hat achttjin jier yn Grins wenne en wennet no sûnt twa jier yn de binnenstêd fan Snits.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Elmar Kuiper: ‘Ik wol graach wat meitsje dat bliuwt en de wrâld oergiet.’

logo.ensafh

Elmar Kuiper (1969) is dichter, filmmakker, byldzjend keunstner en psychiatrysk ferpleechkundige. Syn nijste Frysktalige dichtbondel ‘Granytglimkes’ is krekt ferskynd by útjouwerij Bornmeer. In goede reden om him op te sykjen yn Húns, dêr’t er wennet mei freondinne Saskia en harren fjouwer bern.

Wat kinst kwyt oer dyn nije bondel?
Elmar: ‘Mei dizze poëzy stean ik mear yn de wrâld. Foar it grutste part binne it emosjonele fersen en ik jou my dêryn frij bleat. Under it skriuwen boarre ik in âlde, djippe gefoelslaach oan en ik koe dy laach mei poëtyske taal nei de oerflakte helje. Dochs fielde ik my as in kat dy’t de neils skerpe.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Willem Schoorstra

logo.ensafh

‘Nei de dea fan kening Rêdbâd hat it Fryske folk nea wer in ienheid foarme.’

Willem Schoorstra (1959) syn nijste roman ‘Rêdbâd, kronyk fan in kening’ komt heal april út by de Friese Pers Boekerij. Syn roman ‘Swarte Ingels’ is koartlyn opnij ferskynd yn it ramt fan ‘Fryslân lêst syn toppers’. Alle reden foar in fraachpetear mei de skriuwer dy’t mei syn frou en trije bern yn Ternaard wennet.

Wat kinst kwyt oer dyn nije roman? Yn hoefier is it ferhaal basearre op de wierheid?
Willem: ‘It wie in bealch fol wurk, ik ha der fiif jier oer dien om it boek te skriuwen.… Lês fierder