‘De kommende fiif jier sille der fiif boeken fan my útkomme,’ fertelt Pier Boorsma yn syn Grinzer wente, ‘elk jier ien.’ De earste sil in bondeling wêze fan Fryske sosjalistyske poëzy en oer in jier as fjouwer sil syn fjirde gedichtebondel it ljocht sjen. ‘Ik skriuw myn gedichten meast yn tritich sekonden. Mar ik sil fan ’t simmer foar it earst in hiele nacht oan in gedicht wurkje. Dat bin ’k no fan doel.’ Pier Boorsma is de skriuwer fan trije dichtbondels, Neidagen fan in keamerhear (1971), Under frjemde wetten (1978), Net allinne genôch (2005) en de meigearstaller fan de blomlêzing Spiegel van de Friese Poëzie (1e pr.… Lês fierder