
Goffe Jensma (Kornhorn, 1956) is sûnt 2008 heechlearaar Fryske taal- en letterkunde en sûnt 2012 opliedingshaad fan de bachelor Minorities & Multilingualism en de master Multilingualism oan de universiteit fan Grins. Fan 2001 ôf wie er as wittenskiplik ûndersiker Fryske letterkunde ferbûn oan de Fryske Akademy en fan 2006 ôf as bysûnder heechlearaar oan de Universiteit fan Amsterdam. Hy hat skiednis en filosofy studearre yn Grins en is yn 2004 promovearre yn de godstsjinstwittenskip. Foar syn proefskrift De gemaskerde God, François Haverschmidt en het Oera Linda Boek krige er de Mallinckrodtpriis foar de bêste Nederlânske dissertaasje op it mêd fan teology en godstsjinstwittenskip yn de ôfrûne tsien jier.… Lês fierder