Hedwig Terpstra

HotSum jout twa twatalige bondels út

logo.ensafh

Utjouwerij springt yn gat dat oaren falle litte

Dizze moanne komme der twa Frysktalige poëzijbondels út by HotSum, In hazze is in lokkich bern/Een haas is een gelukkig kind fan Edwin de Groot en Ravensulver/Ravenzilver fan Abe de Vries. De nije bondels fan Abe de Vries en Edwin de Groot wurde op gedichtedei op 31 jannewaris presintearre yn Tresoar yn Ljouwert. Inisjatyfnimmers fan útjouwerij HotSum binne de âld-Farsk-bestjoersleden Abe de Vries, Jetske Bilker en Gerben de Vries en âld-Farsk-redaksjelid Ytsje Hoekstra. De útjouwerij is spesjalisearre yn Fryske poëzij en esseeïstyk.

Ytsje Hoekstra fertelt: ‘Oardel jier lyn sieten we mei ús fjouweren byïnoar yn it eardere fiskrestaurant Op Hatsum by Dronryp.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

‘Ik wie tsjûge / Ik heb gekeken’ – Edwin de Groot oer ‘In hazze is in lokkich bern’

logo.ensafh

Edwin de Groot (1963) is berne op It Hearrenfean. Hy hat in HBU-oplieding ferpleechkunde dien en wurket as tiimlieder op in operaasje-ôfdieling fan sikehûs de Tsjongerskâns. Edwin is ek redaksjelid fan Ensafh. Hy debutearre yn 2005 mei it fers Slachfjild. Nei publikaasjes yn De Moanne, Farsk, Hjir, De Contrabas en Ensafh kaam yn 2008 de dichtbondel Ik skip fan him út. Yn 2010 ferskynde de dichtbondel Tongfal, mei foto’s fan Tjibbe de Jong. Yn 2007 wûn er de Rely Jorritsmapriis foar de rige gedichten Yn it omgean. Op nasjonale gedichtedei, 31 jannewaris, komt de twatwalige bondel In hazze is in lokkich bern/Een haas is een gelukkig kind fan him út by útjouwerij HotSum.Lês fierder

Hedwig Terpstra

‘Troch in efterdoar’ – Elske Kampen, winneres Fedde Schurerprizen 2012

logo.ensafh

Elske Kampen (Burdaard, 1955) hat op 12 oktober ll. de Fedde Schurersjuerypriis en de Fedde Schurerpublykspriis krigen foar har dichtbondel Fan glês it brekken (2010). Sa’t it no liket wie dat de lêste kear dat de Fedde Schurerpriis útrikt waard, fanwege de besunigings troch de provinsje op de literêre prizen. Elske is opgroeid yn Burgum, hat de Pedagogyske Akademy yn Drachten dien en letter noch de learare-oplieding tekenjen yn Ljouwert. Net om les te jaan, mar om har dwaande te hâlden mei tekenjen en skilderjen. Nei har fyftichste begûn se mei dichtsjen. Se wûn yn 2008 de Rely Jorritsmapriis foar it fers Trije Dagen en it ferhaal De Opdracht en yn 2009 foar it fers Sy is, taal is altyd.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Eric Hoekstra en de Bhagavad Gita

logo.ensafh

Eric Hoekstra (It Hearrenfean, 1960) is taalkundige, oersetter, skriuwer en dichter. Dit jier kaam syn oersetting fan de Bhagavad Gita (It liet fan God) út by útjouwerij Elikser. De Bhagavad Gita is in 2300 jier âld hillich skrift, oarspronklik skreaun yn it Sanskryt, dat in grutte rol spilet yn it Hindoeïsme. It is it bekendste diel út it grutte Yndiaaske epyske gedicht de Mahabharata, skreaun troch de wize Vyasadeva. It boek is troch Eric oerset yn it Frysk en it Nederlânsk, kombinearre yn ien boek. Eric hat Ingelsk en dêrnei algemiene taalwittenskippen studearre yn Grins. Foar it Meertens Ynstitút yn Amsterdam die er ûndersyk nei dialekten.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Anne Popkema

logo.ensafh

By it Boekefeest yn Tresoar op 14 septimber waard bekend makke dat Anne Tjerk Popkema (1975) de Obe Postmapriis 2012 wint foar syn Fryske oersetting út 2009 fan The Hobbit fan J.R.R. Tolkien. De priis wurdt op 12 oktober oan him útrikt yn Tresoar. In moaie oanlieding om in fraachpetear mei him te hâlden. Anne is opgroeid yn Burgum en hat Frysk studearre yn Grins, mei as spesjalisaasje midsieusk Frysk en taalskiednis. Foar syn einskripsje krige er de skripsjepriis fan de Fryske Akademy. Nei syn stúdzje wurke er twa jier by de Fryske Akademy. Yn 2004 gie er nei Dútslân, om oan de Christian-Albrechts-Universität yn Kiel it Altfriesisches Handwörterbuch dien te meitsjen.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Ferdinand de Jong: ‘We moatte grutsk op it Frysk wêze!’

logo.ensafh

Ferdinand de Jong (1969) is berne yn Oranjewâld en wennet no mei frou en twa dochters yn Boarnburgum. Hy hat de Middelbere Lânbouskoalle dien en wurket as zzp-er. Yn 2010 skreau er de spionaazjeroman Guozzeflecht. Yn 2011 ferskynde de roman It dak fan de wrâld en dit jier krige er dêr de Rink van der Velde-priis foar. Yn de maityd fan dit jier ferskynde de plysjeroman De lêste trúk.


Wêr giet De lêste trúk oer en hoe is it boek ta stân kaam?
Ferdinand: ‘It boek giet oer resjersjeur Evert Jaarsma, dy’t de hannen fol hat oan syn plysjewurk.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Pier Boorsma

logo.ensafh

Pier Boorsma (Snits, 1944) studearre filosofy oan de universiteit fan Amsterdam. Yn 1969 rjochte er mei Pieter de Groot en Johan Frieswyk it kwartaalblêd Sonde op. Yn 1989 ferhuze er nei Grins en studearre dêr Frysk oan de RUG. Pier wie ien fan de gearstallers fan de twatalige blomlêzing Spegel fan de Fryske poëzij (1994, twadde ferzje 2008). Hy hat resinsint west foar it Frysk deiblêd. Hy skreau trije dichtbondels: De neidagen fan in keamerhear (1972), Under frjemde wetten (1978) en Net allinne genôch (2005). Hy wûn fiif kear de Rely Jorritsmapriis foar gedichten. Yn 2010 stelde er de brosjuere Kulturele autonomy yn Fryslân gear, in oersetting fan teksten fan Maarten Mourik en Will Kymlicka.Lês fierder