Hedwig Terpstra

Petear mei Margryt Poortstra

logo.ensafh

Margryt Poortstra (Harns, 1953) hat al tolve proazatitels op har namme stean, wêrûnder Kâldfjoer (2002), Suster (2004) en Minskebern (2008). Kofje ferkeard (2011) is har lêste boek, in ferhalebondel. Se hat ek berneboeken, poëzij, twa musicals en fjouwer oratoaria skreaun. Se krige ferskate kearen de Rely Jorritsmapriis en yn 1989 de Afûk jubileumpriis foar it manuskript Tolve huzen op it dak. Margryt siket har ûnderwerpen tichtby, yn de omgong tusken minsken, yn de relaasje tusken man en frou en tusken âlden en bern. Froulju binne faak sintrale figueren yn har wurk. Se wennet mei har man yn Seewolde, Flevolân.

Hoe bist hjir yn de polder terjochte kaam en hoe foldocht it dy hjir?Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Auck Peanstra

logo.ensafh

Se hat al sa’n tritich jeugd- en berneboeken op har namme stean: Auck Peanstra (Aukje Hoogland-Peenstra, 1954). Dêrneist skriuwt se toanielstikken, gedichten en romans. Yn 2002 kaam har earste roman ‘Elske din Datter’ út. En yn 2007: ‘Sitebuorren, myn eigen paradys’, in roman oer it plak dêr’t se opgroeide, in pleats op in eilân by Grou. Yn 2011 ferskynde ‘Skamte’, oer in opgroeiend famke dat de hûdsykte psoriasis krijt en dêr net goed mei omgean kin. Se is mei-auteur fan Studio F, de learmetoade Frysk foar it basisûnderwiis, en mei-skriuwster fan de Tomke-ferhalen foar pjutten. Yn 1998 wûn se de Simke Kloostermanpriis en yn 2008 de Rink van der Veldepriis.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Nyk de Vries

logo.ensafh

Nyk de Vries (1971) hold tiisdei 27 febrewaris de lêzing ‘Raffelich realisme’ yn de biblioteek fan Snits. Dit wie de lêste lêzing yn it ramt fan de Literêre Fjouwerstêdetocht, dêr’t ek André Looijenga, Greet Andringa en Sigrid Kingma oan meidienen. Nyk is oarspronklik ôfkomstich út Noardburgum en wennet no mei syn freondinne en pasberne soantsje Rijk Fokke (17 jannewaris 2012) yn Amsterdam. Hy hat krekt in nije Nederlânsktalich bondel út: ‘De dingen gebeuren omdat ze rijmen’. Earder skreau er de roman ‘Rezineknyn’, de bondel ‘Motorman’ en de roman ‘Prospero’. Hy skriuwt proazagedichten en publisearret dy geregeld by ensafh. Nyk skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Ate Grijpstra: ‘It beest fan de Westereen’

logo.ensafh

Ate Grijpstra is op 5 maart 1973 berne yn Noardburgum, hat in pear jier yn Koatstertille wenne en is op syn sânde nei De Westereen ferhuze. Hy hat Ingelsk en Frysk studearre yn Grins en jout les op It Beyers Naudé Gymnasium yn Ljouwert. Mei frou Bertina en harren trije bern wennet er no yn Bûtenpost. Yn 2006 debutearre er mei in koart ferhaal yn Hjir. Yn april 2008 kaam syn jeugdferhaleboek, ‘Heftich’, út, dat him de Bongelboekepriis fan de NHL oplevere. Yn 2010 folgen de berneboeken ‘Rinze hat de hik’ en ‘Tsjang tsjin tiid’. Yn septimber ferline jier kaam ‘It beest fan de Westereen’ út by de Afûk.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Greet Andringa: ‘Ikarusblau’

logo.ensafh

Greet Andringa is berne op 16 july 1971 yn Reduzum. Nei har stúdzje genêskunde is se oan de slach gongen as ferslavingsdokter yn Ljouwert. Al gau bliek se it ark te missen om op in goede manier omtinken te jaan oan de emosjonele en sinjouwingskant fan de problemen fan har pasjinten. Dat wie foar har de reden om ek de stúdzje humanistyk te folgjen. Ferline jier oktober is se in eigen bedriuw begûn: Finsters, zin in je leven, wêrby’t se oan hûs praatterapy biedt en dwaande is mei oare projekten dy’t sinjouwing en humanisearring fan de maatskippij befoarderje. Har skriuwerij rekkenet se dêr ek ûnder.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Geart Tigchelaar: nije ferhalebondel ‘Lúshâlding’.

logo.ensafh

Geart Tigchelaar (1987) is berne yn Damwâld en wennet no mei syn freondinne yn Burgum. Yn novimber is syn ferhalebondel ‘Lúshâlding’ ferskynd by de Friese Pers Boekerij. Earder skreau er mei Dirk Jan Muntendam it boek ‘De kweeste fan Ridder Pieter’. Hy hat Frysk studearre oan de universiteit fan Grins, drumt by de metalband Kramtried en is no ûnder oare einredakteur fan de ensafh-digi.

Lúshâlding’ is in bondel ferhalen oer in luzehúshâlding. De wrâld wurdt besjoen fanút it perspektyf fan de luzen. Hoe bist op it idee kaam?
Geart: ‘Ik hie earder alris in ferhaal skreaun oer ‘echte’ minsken, mar it kaam nei in pear dagen wat keunstmjittich en forsearre op my oer.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Wilco Berga

logo.ensafh

Nije ferhalebondel: ‘Dat it streamt’

Wilco Berga (Snits, 1947) skriuwt sûnt 1983 poëzij, proaza en toanielstikken yn it Frysk en Nederlânsk. Hy is ek byldzjend keunstner. Tegearre mei syn partner Tanja Blokland hat er in atelier/galery yn Harns, Atelier BB aansee, mei benammen wurk fan har beiden. Yn 1983 wûn er de Rely Jorritsmapriis foar in ferhaal. Nettsjinsteande is no pas syn earste ferhalebondel, ‘Dat it streamt’ útkaam. Yn hast alle ferhalen stean de haadpersoanen oan it begjin fan it ferhaal yn in ûndúdlike situaasje. Yn de measte ferhalen sit ek in flinke lading ‘suspense’. De ferhalen einigje mei in ferrassende ôfrin.Lês fierder