Beart Oosterhaven

Ynspirearre fakmanskip

logo.ensafh

‘Yn de njoggentiger jierren gie elk wer syn eigen wei, al sieten Douwe en ik tegearre noch yn Piter’s Protters en spile Douwe wol ris in gitaarpartij yn op ien fan myn CD’s.’ Dat skriuwt trûbadoer Piter Wilkens yn it ‘Efteropwurd’ fan ’e titelleaze debút-cd fan ’e groep Diggelfjoer út 2002.
De neamde ‘Douwe’ is Douwe van der Werff fan Murns, hjoed de dei bekend as ‘Grize’, de manlike helte fan it duo Grytz & Grize, dêr’t koartlyn de cd Twa fan ferskynde.

Skiednis
Om it skiednisleske eefkes ôf te meitsjen: Diggelfjoer bestie yn 2002 út ’e multy-ynstrumintalisten Douwe van der Werff en Domien de Winter, mei Koos Keus op drums.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Foar as de dei foarby is

logo.ensafh

Byldzjend keunstner, dichter en (toaniel)skriuwer Wilco Berga fan Harns is ek al hiel lang warber as liettekstskriuwer. Foar Douwe Heeringa sette er yn 1989 al sjansons fan Jacques Brel oer yn it Frysk, mar hy skriuwt ek oarspronklike lieten. It koartlyn ferskynde album Dagen dûnsje foarby is syn twadde ‘solo’-cd.

Earst en meast tekstskriuwer
Behalve krektneamde Douwe Heeringa binne it fierder oars ek net de minsten, oan wa’t Wilco Berga lietteksten levere hat. Sa holp er Reboelje oan it repertoire foar de rockopera Gysbert Gysbert (2003) en Tet Rozendal oan lietmateriaal foar har teaterprogramma It Wûnder út ’e Wâlden (2011).
Ik sette hjirboppe it wurd solo tusken skrapkes, want it slacht foaral op ’e teksten fan de twa cd’s dy’t oan no ta fan Wilco Berga ferskynd binne.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Ta folle waaksdom kommen

logo.ensafh

Troch allerhanne tûkelteammen koe ik no krekt te set oer it album Der’t ik weg kom fan Hein Jaap Hilarides, mei fjouwer oarmans en alve Biltsktalige nûmers fan himsels. De skiif waard al opnommen yn 2011 en kaam ferline jier út.

Frysktalige bands, Biltske roots
Hein Jaap Hilarides (Sint Jabik 1969) is al sûnt 1986 warber yn ’e Biltske en Fryske muzykscene. Yn it begjin fan ’e njoggentiger jierren krijt er in plak as toetsenist yn ’e Frysktalige groep Wiegels Wjukkelmasine. Mei dy achtmansformaasje spilet er ek bûten de provinsje Fryslân en berikt er sels de heale finale fan ’e Grote Prijs van Nederland!… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Stiennen mei kraskes

logo.ensafh

‘Drank, drugs, seks, leafde, froulju, freonskip, oerhoer en leafdespine: der is net in band dy’t de rock ’n’ roll better libbe, belibbe, skreaun, beskreaun en op wûnderbaarlike wize oerlibbe hat as de Rolling Stones.’
Dat skriuwt oersetter Hein Jaap Hilarides op ’e earste side fan it boekje dat heart by de cd Stones yn it Frysk fan The Hangouts, dy’t op 20 april lêstlyn presintearre waard yn Poadium Asteriks te Ljouwert.

Tredde cd

Nettsjinsteande alle krektneamde, foar de ‘gewoane man’ faaks funeste yngrediïnten om in minskelibben ta in útdragen ein te bringen, bestiet de Britske band The Rolling Stones noch altyd.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

‘Biltsikana’ op syn boppeste bêst

logo.ensafh

Jan de Vries fan Aldebiltsyl/Ouwe-Syl kin njonkelytsen wol in feteraan yn ’e Fryske popmuzyk neamd wurde. Yn 1996 makke er mei ‘syn’ noch altyd besteande band The Feetwarmers al it album Cold Feet. Op dy skiif sjongt er, spilet er gitaar, akkordeon, dobro en mûlharmoanika, en hat er as komponist de hân yn acht fan ’e fyftjin nûmers. De Vries achte him altyd mear muzikant as makker fan (Ingelske) lietteksten. Mei syn op 17 maart lêstlyn ferskynde Biltsktalige solo-cd Sieleroersels hat er him yn ien klap as in treflik liettekstskriuwer op ’e kaart set.

Biltsk
Dy cd telt nammentlik mar leafst 11 folslein eigen nûmers fan Jan de Vries.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

It skolp’rige wiet

logo.ensafh

Om it jier 2000 hinne wiene der twa bands yn Fryslân dy’t de toan oanjoegen: De Kast en Reboelje. Earstneamde, foaral Hollânsktalige, groep hat bestien fan 1992 oant 2004 en is sûnt ein 2006 fannijs warber yn har meast suksesfolle besetting, nammentlik dy mei Syb van der Ploeg as sjonger-frontman en mei Nico Outhuijse as drummer. It folslein Frysktalige Reboelje fierde triomfen tusken 1987 en 2003.
Dizze hjerst ferskynde lang om let it earste alhielendal Frysktalige album fan De Kast: Dreamflecht yn de tiid. Fan ’e eardere grutte man fan Reboelje, sjonger-toetsenist Marius de Boer, kaam, ûnder de flagge fan Mariusz & de Muzikanten, de cd De nacht wachtetút.… Lês fierder

Beart oosterhaven

‘Stiet as Quo’ smakket mearich

logo.ensafh

Op freedtejûn 16 novimber 2007 waard yn ‘De Buorskip’ te Beetstersweach de cd Nachtrave fan ’e ‘Wâldrock’-groep Bricquebec presintearre. By dy gelegenheid rekke ik yn petear mei de bruorren Sido en Roelof Wagenaar, respektivelik sjonger-gitarist en drummer yn ’e band Helder. Sjonger-mûlharpist Henk Osinga fan ’e bluesformaasje Chickens Go Mad wie ek by dat petear. Op in stuit  kaam de winsklikens om (in part fan) it repertoire fan ’e Ingelske boogierockband Status Quo yn it Frysk oer te bringen en dat dan op cd te setten, te praat. De Wagenaars hiene fuortdalik foar eagen hoe’t soks moatte soe: it soe in prachtich projekt foar Helder wêze en op sa’n wize dy band nij libben ynblaze kinne.… Lês fierder