Beart Oosterhaven

Fris en autentyk

logo.ensafh

Yn 2009 ferskynden fan Nan’n Ankie (it duo Nanne Kalma en Ankie van der Meer) de Frysktalige audio-cd’s Smûzje en Moai mei dij.

Ite, haffelje, sline
Alle jierren organisearret de stichting It Fryske Berneboek de Berneboeketiid. In fêst ûnderdiel dêrfan is de poëzijposter, mei hieltyd in oar tema. Dêrby wurdt in dichter keppele oan in yllustrator en tegearre meitsje dy dan in poster dy’t by skoallen en bibleteken delstjoerd wurdt. De earste poster, ‘De Tiidmasine’, fan dichter Jacobus Q. Smink en yllustratrise Karin Poiesz, ferskynde yn 1997. By gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan It Fryske Berneboek binne dat fers fan Smink en de alve oare gedichten dy’t oant en mei 2008 ferskynd wiene, op muzyk set en as lieten útkommen op ’e cd Smûzje fan Nan’n Ankie.… Lês fierder

Abe de Vries

It deldrinken en it fuortspyljen

logo.ensafh
De útbuorrens fan Townes Van Zandt

Foar Anke en Gerrit

1.
De film set út ein mei bylden, út in auto wei opnommen, fan beammegrien lâns de dyk. In tillefoanstimme, in man, seit dat er dwaande is mei in nij nûmer. Hy seit de tekst, earder as dat er sjongt. Sa begjint Be Here To Love Me, de sfearfolle dokumintêre film út 2004 fan Margaret Brown oer de Texaanse troubadour Townes Van Zandt. Dat hast oplêzen fan de songtekst yn ’e iepeningssêne fêstiget it omtinken op de ferhâlding tusken tekst en muzyk.

Townes Van Zandt (1944-1997) hie — lykas útsprutsen muzikale dichters as Richard Hugo en Joseph Brodsky, dêr’t ik earder op Farsk oer skreau — in iepen ear foar sawol muzyk as de wearde en de spankrêft fan wurden.… Lês fierder