Der is neat fan te sjen op ‘e foto dat it hiele terras in pear oeren lyn (oant in oere as fiif) noch fol siet mei minsken. Gau-eftich hawwe myn saneamde Warmshower-host en ik de boel oprêden. It wie juster nammentlik Midsimmernacht, oftewol Juhannus, wat yn Finlân in like grut feest is as kryst. Ik mocht dat meimeitsje by in Australiër dy’t al sân jier yn Helsinki wennet en in nustje freonen en kollega’s útnûge hie.
Dat my noch it measte docht as dat it in hartstikkene moai feestje wie – mei in soad iten, bier, fjoer, gesellichheid en muzyk – is dat ik it ûnderfine koe mei minsken dy’t ik alhiel net kin.… Lês fierder