Ulke Brolsma

Mario Varga Llosa’s bernejierren yn Piura

logo.ensafh

It is hyt yn Piura, in stêd yn it noarden fan Peru. In moai plak om efkes te stopjen as je op wei binne nei Ekuador. Sa fier sil ik it net bringe. Wy bliuwe moai yn Peru, aanst miskien nei Bolivia en wis en seker nei Chili en Argentinië. Mar Ecuador, nee. In Dútser hat my in pear dagen lyn noch ferteld dat it der sa moai is, sa skjin en sa goedkeap. Foaral doe´t de man my fertelde oer dat goedkeape iten glinsteren syn eagen der fan.

Ekuador is ien stap te fier. Piura is moai! It is hjir al sa ôfgryslik hyt, sa´n 37 graden.… Lês fierder

Ytsje Hoekstra

Wykboek Praach — part i

logo.ensafh

Freedtemoarn lit ik alles foar 10 dagen efter, stap op 2 febrewaris yn ’e trein fan 05.02 Ljouwert – Skiphol. Eagje it perron oer, al is G. al werom rjochting ús waarme bêd. De swarte hoed fan keunstner Sjoerd de Vries rint myn rútsje foarby. Njonken him rint in frou mei lang blond hier. En ik freegje my ôf wêr’t hy hinne reizgje sil op dit ûnkristlik oere. Of syn reisdoel liede sil ta moai nij (portret) wurk? Jawis, ik bin in Sjoerd-fan.

Dan ferbetterje ik mysels. Nee bliksem, de fraach is: Wêrom gean ik op reis? Wat sil dit no betsjutte: ik mei mysels op wei nei Praach?… Lês fierder

‘Se moatte dea’

logo.ensafh
Swalkje troch Súd – Amearika

´Se moatte dea, hingje se op.´ Soks hearre je wolris in inkelde kear om je hinne. By in noflik petear yn in kafee, of by in meeting mei in ´man fan de strjitte´. Dizze kear is it net samar in ´man fan de strjitte´. Nee, it is El Presidente de la Nacion, de presidint fan Peru, Alan García. Hy wol de deastraf ynfiere yn syn lân. Net foar alle misdiedigers. Sa mâl hoecht it no ek wer net. Allinnich mar foar terroristen dy´t bern jonger as sân jier fermoardzje.

Je wolle as presidint wolris wat. Garcia sit no 180 dagen yn it presidintspaleis oan de Plaza de Armas yn Lima.… Lês fierder

Lima

logo.ensafh

It is hast sân oere. Der hinget in sêft giel ljocht yn de loft. Noch efkes en it is nacht. De Airbus dûkt nei de grûn ta, ik bin foar de tredde kear yn Lima. De Peruvianen klappe bliid yn de hannen, sy komme thús en ik bin 10.000 kilometer fan hûs. Fan Madrid oant Lima is it alve oeren. Je bite je der troch hinne en hoopje dat it dochs koarter duorret. Flak neist my sit in Dútser, in Ossi, fan tweintich jier. Hy hat in Peruviaanske buorman. De earme. De Dútser praat Spaansk. Dat is moai. Mar dan … Hy hat oeral ferstân fan, de hiele wrâld is in iepen hûs foar him, Stalingrad, de paus, de EU, de bûnskânselier, Peru, polityk.… Lês fierder