

It stedhûs dêr’t de Rely Jorritsmapriisútrikking dy’t jier plak hie.
Fanwegen de koroanamaatregels wie it barren om de útrikking fan ’e Rely Jorritsmaprizen hinne frijwat sober. Sadwaande wie it ditkear yn ’e Oranjeseal fan it stedhûs yn Ljouwert. De reade stuollen stienen allegearre op oardel meter ôfstân. It wie gjin flitsend multymediaal spektakel sa’t wy dat de lêste jierren wend wienen fan Studio Smids. Nettsjinsteande wie it in feestlik barren en sa’n seal jout it gehiel in beskate grandeur.

Yn ’e lúkse Oranjeseal stienen de reade stuoltsjes kreas opsteld.
Hein Kuiken, as wethâlder fan kultuer, wie wakker wiis mei it feit dat de gemeente partisipearje koe yn dizze priis.… Lês fierder