Cornelis van der Wal

It Beamboek

logo.ensafh

In pear moanne lyn hie ik my alris drok makke oer de titel fan it nije Fryske literatuerboek(je), ‘Salang’t de beam bloeit’ fan Joke Corporaal. Trinus Riemersma hie dizze titel al yn it jier 2000 brûkt foar syn samling ‘folksferhalen’. It is gewoan net út te lizzen. Wêrom net in nije titel betocht? Klearebare earmoed.

Obe

De boekoanbieding fan Salang’t de beam bloeit, koarte skiednis fan de Fryske literatuer wie op 15 maaie 2018, yn Obe, it nagelnije gebou fan Tresoar, dat jo it sicht op ‘e Aldehou ûntnimt en dêr’t blykber op airconditioning besunige is. Op Facebook waard dizze lokaasje in sauna neamd, ik kin it net better ferwurdzje.… Lês fierder

Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 2, 2018

logo.ensafh

Yn it redaksjoneel fan it foarige nûmer ha wy oankundige dat dit jier yn ien fan de nûmers it Fryske proaza tema wêze sil. Yn dat redaksjoneel stiet ek dit: ‘De Fryske poëzy stiet sûnt jier en dei better oanskreaun as it proaza. Mar dêr’t by proaza de ferkeapsifers as graadmjitter meitelle is dat by poëzy eins net it gefal.’ Yn oansluting op dit lêste kin steld wurde dat as it giet oer de ferkeapresultaten, ferkeapmooglikheden, om diagnoaze fan de situaasje fan de Fryske literatuer en útstellen ta ferbetteringen, it winliken giet om it proaza, om romans en berneboeken. In pear jier lyn al wer hat Ensafh de opdracht krigen om stikken te produsearjen oer de stân fan saken oangeande de Fryske literatuer, rjochte op benammen de ynfrastruktuer.… Lês fierder

Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 1, 2018

logo.ensafh

It earste artikel yn it earste nûmer fan dit jier is it besprek fan De nacht fan Mare, de nijste roman fan Willem Schoorstra. Dat foaroansetten fan it besprek fan in proazawurk is bedoeld as statement. Yn it lêste nûmer fan 2017, it nûmer mei as tema Baskelân, yn it stik ‘In Baskysk-Frysk petear’ fan Eneko Aizpurua en André Looijenga seit de lêstneamde: ‘As orizjinele Fryske literatuer relevant bliuwe wol (of wurde wol), moat dy djipgravender wurde – sawol yntelliginter as ûnderhâldender wurde. Benammen jildt dat foar it proaza yn it Frysk. Ik fyn dat op dit stuit mar in bytsje Fryske romanskriuwers echt in koartswilige, nijsgjirrige styl hawwe.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Myn literêr wjerfarren yn Århus en omkriten

logo.ensafh

Op 10 oktober lêstlyn bin ik op ’e fyts ôfreizge nei it lytse plakje Kattrup yn it Deenske Jutlân. Dat leit tusken Horsens en Århus yn sa’t jo faaks al mei Google Maps opsocht hawwe. Dêr ferbliuw ik yn totaal sa’n twa moanne, foar de krystdagen bin ik fan doel en fyts wer nei Ljouwert ta. Ik bin hjir hinne gien om oan myn nije boek te skriuwen, yn Arkje 2.0, sis mar.


It hûs fan ’e famylje dêr’t ik tahâld

No’t ik hjir dochs sit, haw ik my ek foarnommen om my mear yn ’e Deenske literatuer te stoarten. Ik haw de taal yn ’e ôfrûne jierren leard op in sadanich nivo dat ik in petearke oangean kin en it measte skriftlik neikomme kin.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Yn dit lânskip sûnder slokje

logo.ensafh

It moast 6,50 Euro jilde, mar dan hiene jo ek wat, sa like it yn ’t foar: in film oer de Fryske Literatuer, in paneldiskusje oer datselde ûnderwerp, en last but not least: in fergeze buorrel.

Ik haw it oer de premjêre op 09-11-17, yn it ramt fan it Noordelijk Film Festival, fan de koarte film Yn dit lânskip leit myn libben, regissearre troch Halbe Piter Claus en Ismaël Lotz, makke yn opdracht fan Tresoar. De Accent-seal fan de Ljouwerter skouboarch De Harmonie wie moai fol mei grize Frysk-literêre koppen, neist my siet in ferdwaalde Hollânske filmleafhawwer, dy’t neffens my net rjocht wist wêr’t er no wer bedarre wie.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4, 2017

logo.ensafh

Redaksjoneel

It is noch simmer, wylst ik dit skriuw, mar de ekwinoks en de hjerst slûpe stadich neieroan. De sinne is noch wol fûl, mar moarns en yn it skaad is de lucht wer skrousk. De ierde rûkt fochtich en oerryp, de fruchten gêstje oan ’e tûken. In tiid fan en nei de rispinge, wat ekstra tiid. De natoer hat him deljûn, en rintenieret.

Ik toffelje myn boekekast op en del, de adrenaline fan kommende ferhuzerij hâldt my wekker yn ’e nacht. Ik karmasterje de opbringst fan jierren: wat sil mei, wat kin nei de kringloop, wat skatten lizze der yn rigen efter de rigen.… Lês fierder