Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Barcelona (13-02-17)

logo.ensafh

Ek al bin ik earder weromkommen fan myn earste reis, de langst nei it aventoer en de wille fan it fytsen wie dêrom noch net dwêsten. Fandêr dat ik ferline wike nei Spanje flein bin mei fyts en al en de tiisdeis derop ôfsetten bin rjochting hûs. Nei in lytse wike bin ik dan yn Barcelona bedarre. Al bin ik gjin fan fan grutte stêden as ik op de fyts bin, woe ik ek net samar oan Barcelona foarby fytse. Koart om it hoekje sjen. De sfear efkes opsnuve en dan gau op nei it Frânske plattelân.

 … Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 6, 2016: Hölderlin

logo.ensafh

‘Wat bliuwt lykwols, bouwe de dichters.’ Was bleibet aber, stiften die Dichter. – Oan de dichter fan sokke heechstimde ferwachtings oer it wêzen fan poëzij is in grut part fan dit nûmer fan ensafh wijd: Friedrich Hölderlin, de fisjonêre Dútske romantikus.
It is no 246 jier lyn dat Hölderlin berne waard, en 173 jier lyn dat er ferstoarn yn de toer yn Tübingen dêr’t de famylje Zimmer him as psychiatrysk pasjint ferplege. In jubileumjier woene wy net op wachtsje.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4 , 2016

logo.ensafh

Redaksjoneel

Ik skriuw dit op it terras fan in kafee yn Bitola, Masedoanië. It is in âld keapmanshûs, ljochtgiel, yn Súd-Frânske styl suver. De haadstrjitte kruset hjir in strjitte mei parkearde auto’s, dêr’t ik fan wit dat it foar fyftich jier in streamke wie, mei op dit plak de Stiennen Brêge. De stêd is yn dizze streek in oäze yn in leechrinnend plattelân, in oarde fan boargerkultuer ek al is er troch grinzen yn in ôfhandige hoeke bedarre. Alle jûnen paradearje de lju yn elegante simmerklean hjir de haadstrjitte op en del.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Nederlân/Fryslân

logo.ensafh

Ik skreau in pear dagen lyn dat it wennen wêze moatte soe om wer te ‘aardzjen’ yn it gewoane bestean. Doe’t ik de grins fan Dútslân-Nederlân oerstiek, beneare it my suver dat ik wer yn it lân wie dêr’t ik suver wat it mier oan haw. Tefolle lju op ien fjouwerkante meter, tefolle benyptens, tefolle regeltsjes.

SSA43457
Mar by it neier kommen fan ‘e stêd Grins foel dat mear en mear fan my ôf. It is in stêd dy’t ik dochs leaver lije mei as Ljouwert – al sil ik grif dêr just wer wenplak sykje. It is dêr wêr’t ik wer myn faam treffe sil, en hja is by eintsjebeslút de reden fan myn weromkommen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Dútslân

logo.ensafh

De earste stêd dy’t ik oandie nei’t ik sa’n fjouwer moanne lyn ôfstutsen bin út Ljouwert wei wie de stêd Leer. No op it paad werom haw ik dy stêd wer oandien. Ditkear koe ik yn it appartemint fan in maat ferbliuwe. By it ferlitten fan ‘e stêd de oare deis kaam de grins fan Nederlân wol hiel tichtby.

SSA43452

Doe giene de tinzen dochs út nei wat ik dêr ûndernimme sil. Der moat wer in ûnderkommen socht wurde, faaks in baantsje, my wer offisjeel ynskriuwe litte, fersekeringeboel regelje. Mei oare wurden de boargerlike beslommeringen komme wer op my ta dêr’t ik oars sa graach ôf wêze wollen hie.… Lês fierder

André Looijenga

Friziski pisatel na Balkanot – diel 4

logo.ensafh

Earder de jûns, foar’t de oaren der wienen, frege Živko my hoe’t myn skriuwerij gien wie. De jûn dêrfoar hie ik sitten te stinnen op in stik dat my wol gaadlik like foar de lêste bydrage oer myn ûnderfinings yn Masedoanië. Ik hie yn it kleaster Sveti Jovan Preteča west. Dat woe ik keppelje oan myn ferskate observaasjes oer de ortodokse deistige brûkmen hjir yn dit lân. Observaasjes dy’t grif yn myn einferzy plak krije, mar kop of sturt hie myn stik net. Op in inkelde brike iroanyske sin nei miste ik… ik-wit-net-krekt-wat-der-miste. It die de kompleksiteit fan it ortodokse kristendom, ek yn myn Masedoanyske kunde harren libben, noch hieltyd gjin rjocht.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Poalen

logo.ensafh

Yn Bialystok haw ik besletten om net dwersoer te stekken oer Warschau en Poznań nei de Dútske grins en dan oer Berlyn fierder it westen yn. Nei Vilnius yn Litouwen hie ik behoarlik tabak fan ‘e grutte stêden. Myn gasthear yn Białystok hie it der ek oer dat noardlik Poalen kwa fytsen en kwa omjouwing folle moaier is as de omkriten fan Warschau.

SSA43426

Dat is yndied wier, want ik haw der in pear hartstikkene moaie fytsdagen opsitten. En ik bin bliid dat ik lytsere plakjes as Elbląg, Morąg en Pasłęk oandien haw en net de grutte stêden. Elbląg wie foar my fuortdaliks ek de lêste stêd dêr’t ik efkes omsjoen haw.… Lês fierder