André Looijenga

Friziski pisatel na Balkanot – diel 3

logo.ensafh

‘You’re becoming real Macedonian!’, murk de jonge romanskriuwster F. de hiele tiid wer op. Ik hie, ôfwachtsjend, tiidrekkend, stinnend, it beslút nommen om my dochs dy deis net mear fan Štip nei Skopje te reizgjen. It groepke skriuwers dat ik de jûn derfoar kennen leard hie, hie ik tusken de middei mei ôfpraat om te kofjedrinken. En doe te lunchen, op in rom terras yn it skaad oare kant de rivier. Om trije oere woe ik de bus ha, want dan koe ik ein fan de middei yn Skopje noch… Salade waard op tafel set, dêr waard fansels rakija by dronken, doe kaam der fleis en bier, wy songen de Masedoanyske folkslietsjes mei dy’t draaid waarden, en it soe net earder as de bus fan fjouwer oere wurde…

Doe’t ik einlings regele hie om dan mar in dei letter yn Skopje te wêzen, en aansen mei nei it hotel fan myn skriuwersfreonen, krige ik te hearren: ‘Wy hiene echt net tocht datsto fan ’e middei noch yn Skopje oankomme soest.’… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Vilnius

logo.ensafh

It liket derop dat ik nei Tallinn en de skop ûnder de kont it leard haw en doch it de reis werom rêstiger oan. Dêrom nim ik no gauris in ‘omwei’. Sa haw ik yn Letlân in prachtich ein by de rivier de Daugava delfytst nei Daugavpils ta ynstee fan nei Rīga fuortendrekst rjochting Kaunas. Ut Kaunas wei haw ik nei lang twiveljen doch besletten om nei de haadstêd Vilnius ta.

SSA43370

Wêrom ek net no’t ik hjir dochs bin en it net op in dei oankomt. Min waar, yn en út de stêd komme is net altiten maklik mei’t se hjir net sa fytserich binne as yn Nederlân mar de stêd en it paad derhinne wienen it perfoarst wurdich.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Riga

logo.ensafh

Nei de Skandinavyske lannen is it efkes wennen hoe ‘lyts’ oft de Baltyske lannen binne. Men is der samar trochhinne as men der net om tinkt. Mar der om tinke doch ik no krekt wol! Sa’t ik in pear dagen yn Pärnu (Estlân) taholden haw, bin ik no al in pear dagen yn Riga om de stêd op myn gemak te ûntdekken. Mar ek jou ik mysels de tiid foar de skriuwerij en dêr binne biblioteken in útlêzen plakje foar. Men hat der wifi, it is der rêstich, men hat in stopkontakt en men hoecht net perfoarst in bakje kofje te keapjen yn tsjinstelling ta bygelyks in kafee (ik haw altiten myn eigen oploskofje wol by my).… Lês fierder

André Looijenga

Friziski pisatel na Balkanot – diel 2

logo.ensafh

Op dit stuit hâldt André Looijenga yn Bitola ta, yn Masedoanië, yn it ramt fan it ynternasjonale literêre útwikselingsprogramma ‘Other Words’/‘Oare Wurden’. Guon fan syn reisyndrukken publisearje wy dizze simmer yn Ensafh.

Ik woe de stêd wer út. Ik hie trije dagen yn Skopje omspaand, dêr’t it sa hyt wie dat bûten berik fan in airco myn harsens suver oerferhit rekken. No wie ik wer yn Bitola, mar ek dêr wie it waarm. De drokte op ’e terrassen, de auto’s en it bakkende asfalt: it stie my tsjin. Ik moast de heuvels yn.

Súd fan de stêd hawwe de heuvels wat mear skaad, mear bosken.… Lês fierder

Geart Tigchelaar yn Estlân

logo.ensafh

En sa wie ik nei twa en in heale oere op ‘e fearboat sitten te hawwen yn Tallinn oankommen. Nei dêr omsjoen te hawwen (prachtige stêd!) bin ik te gau ôfsakke nei Pärnu. In terjochte skop ûnder de kont haw ik alhiel út Grins wei oer de app krigen mei it sizzen dat ik der hieltiten nei útsjoen hie om Estlân, Letlân en Litouwen te besjen dat ik no net mei kûgelsfeart rjochting Poalen moat. Fandêr dat ik op myn deade gemak Pärnu besjoen haw en ek de tiid nommen haw en drink in bierke op it strân.

SSA43248

Moarn sil ik lykwols, nei’t ik faaks earst wer it strân opsykje sil, rjochting Letlân.… Lês fierder

Janneke Spoelstra

Besite fan Malta

logo.ensafh

De ôfrûne dagen wie de Malteeske dichteres Rita Saliba yn Fryslân foar it projekt Poetic Potatoes, in projekt organisearre troch de Bildtse Aardappelweken yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. Se waard beselskippe troch Leanne Ellul, fan it Malteeske literêre tydskrift Inizjamed, en immen fan Valletta 2018, de stêd dy’t tagelyk mei Ljouwert Kulturele Haadstêd wêze sil yn 2018.
Ik haw Rita yn jannewaris troffen op Malta, doe’t ik dêr mei Hein Jaap Hilarides wie yn it ramt fan itselde projekt. It wie bysûnder aardich om inoar no yn Fryslân wer te sjen. Woansdeis beseagen se de sit fan ’e KH2018-organisaasje, de Blokhúspoarte.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 3, 2016

logo.ensafh

Redaksjoneel Ensafh 3, 2016

Net dat ik gjin Gysbert Japi(c)x-boeken yn ’e hûs hie, mar ik krige pas echt aardichheid oan it wurk fan de Boalserter bard, doe’t ik ferline jier yn Brantgum op in feestlike middei yn tsjerke meisongen hie mei ‘Wolkom, freugde fan de wrâld’. De muzyk sloech foar my in brêge oer de 350 jier tusken Gysbert en no. Syn fersen yn drege stavering blieken sjongsume lieten. In histoaryske ûnderfining dy’t djipper yn it moed taast as rasjoneel te ferklearjen is.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder