Grutte gedichtejûn yn Marktzicht te Drachten

logo.ensafh

Grutte gedichtejûn yn Marktzicht te Drachten

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearre wer in Grutte Gedichtejûn. Dat op op in stoarmige freedtejûn kamen in lytse fjirtich dichters yn it o sa smûke Marktzicht te Drachten om foar it ynteressearre publyk poëzy foar te dragen. Dichters fan alderhanne statuer, gender, tongfal en poëtika kamen efter de mikrofoan.
Ineke van der Heide presintearre koart har bondel Broek mei bûsen, dy’t earder dy dei ‘offisjeel’ presintearre wie. Hja mocht fan ’e organisaasje justjes langer oan it wurd om sa it boek syn gerak te jaan. Alle dielnimmende dichters mochten in eksimplaar mei nei hûs ta nimme.… Lês fierder

Skakers en skriuwers yn Boksum op Henk Kuiper Memorial

logo.ensafh

(21 desimber 2007) — Foar de twadde kear organisearden de famylje Kuiper-Van der Veer, útjouwerij Bornmeer en Farsk it Henk Kuiper Memorial Skaaktoernoai foar skakers en skriuwers. Twa jier lyn namen skriuwers en skakers (leden fan Henk Kuiper syn skaakklub Philidor) it yn it Ljouwerter kafee Wouters op tsjin Sipke Ernst. Juster soe Remco Heite (boargemaster fan West-Stellingwerf en skaker) yn Boksum simultaan spylje tsjin krekt sa’n selskip, mei skakende skriuwers as: Sipke de Schiffart, Tsjisse Hettema en Jouke Hylkema. Ek literatuerbefoarderer Teake Oppewal die mei en fansels de dichters Remco en Elmar Kuiper, beide soan fan Henk (fotograaf, ferstoar yn 2005).… Lês fierder

Cornelis van der Wal

‘Durk hie him wegere’

logo.ensafh

Hoefolste kear is it dat ik de útrikking fan de Gysbert meimeitsje? De fjirde of fiifde? Ik wit it net rjocht mear. Fansels, ek ik kom meastentiids benammen foar de drankjes en hapkes en it mear as treflike buffet, mar de takenning oan Josse de Haan kaam op my oer as in died fan ferset tsjin it establishment en dêr mei ik graach oer. En dan haw ik it noch net iens oer de literêre wearde fan de Haan syn wurk. Piksjitten op Snyp is in wier masterwurk, ik skamje my djip dat ik syn lêste romans noch net lêzen haw.… Lês fierder

Inge Heslinga

Wêr binne de lêzers?

logo.ensafh

Leit de Fryske literatuer oan de beäzemingsapparatuer? Is it net beskamjend dat Frysktalige literatuer net útjûn wurde kin sûnder finansjele ynjeksjes fan de provinsjale oerheid? Wêrom lêze wy eins Fryske literatuer, as wy faak bettere Nederlânske of Ingelske literatuer lêze kinne? En is it noch wol ‘cool’ om Frysk te lêzen? Op woansdei 10 oktober organisearre Stichting Litteraire Activiteiten Leeuwarden (SLAL), tegearre mei de útjouwerijen Bornmeer en Friese Pers Boekerij, yn debatsintrum De Bres yn Ljouwert it sympoasium ‘Wêr binne de lêzers?’.

Under lieding fan SLAL- en Omropmeiwurker Geart de Vries waard diskusjearre oer de problematyk fan de weromrinnende lêzersoantallen yn ’e Fryske literatuer en waard besocht in antwurd te finen op de fraach hoe’t sa’n ûntjouwing tsjinhâlden wurde kin.… Lês fierder