Buorfrou komt efkes gesellich by Buorfrou del. En wat se no wer belibbe hawwe! Ik moat net mâlder.
Audio
‘Ofskied’ fan Berend Folkertsma
‘Ofskied’ is it lêste stik dat Berend Folkertsma skreaun hat. It wurdt hjir útfierd troch Klaske Wybenga fan Kollum, op piano.
Dit wie de lêste ôflevering dy’t Duo von Däniken levere yn de rige om de komponist Berend Folkertsma hinne.
Winkelsintrum Suite
Yn de neilittenskip fan Berend Folkertsma (1945-2009) is it manuskript fûn fan in ek wol hiel aparte komposysje: Winkelsintrum Suite. It giet hjir om in oade oan in winkelsintrum yn Dokkum. De fjouwer ûnderdielen binne: Gall & Gall, Snackpaleis, Aldi en C 1000.
De komposysje wurdt hjir útfierd troch de famylje Hamstra, fan Hantum.
‘Sineeske Ukelele’ fan Berend Folkertsma
Berend Folkertsma op de ukelele, tegearre mei syn Dokkumer buorlju Ling Ping en Mei-li Ping op tradisjonele Sineeske instruminten.
Oargelimprovisaasje fan Berend Folkertsma
Nei oanlieding fan de rige oer komponist Berend Folkertsma (1945-2009) waard de redaksje in unike opname fan in oargelspyljende Folkertsma tastjoerd.
De opname datearret út 2004, en is makke yn de Grutte- of Sint Martinustsjerke yn Dokkum. It is net hielendal dúdlik oft Berend Folkertsma ûnder ynfloed wie tidens dizze opname, mar muzikolooch Keimpe Alkema, dy’t in biografy oer Folkertsma skriuwt, mient fan al.
Ik bin dôf en blyn
De ferneamde Fryske bluessjonger fan eartyds Dôve en Bline Pibe sjongt ‘Ik bin dôf en blyn’.
… Lês fierderWie bistou nou
https://soundcloud.com/duo-von-daniken/wie-bistou-nou-11-05-2021-1210
‘Wie bistou nou’ is in troch ús techneuten wat opknapte opname fan de legendaryske Ljouwerter band De Suurtsjes. Sjonger Jan Braaksma (1952) is spitigernôch net mear ûnder ús… Hy hat in wyld libben libbe…… Lês fierder