Cornelis van der Wal

Kening Kees

logo.ensafh

Kening Kees, Cornelis van der Wal(foarpublikaasje)

It folgjende ferhaal is ta ús kommen út in parallelle wrâld wei, ien fan de ûntelbere universa dy’t neist de ús bewende werklikheid besteane. Alles is dêr krekt in bytsje oars. Wat yn ús eagen faaks anagronismen lykje, is dêr hiel gewoan. En dat de nammen fan guon haadpersoanen in soad lykje op dy fan bekende Friezen, is dat dan tafal? Wy binne dêr net alhiel wis fan, der wurdt wittenskiplik ûndersyk nei dien…

Haadstik 1

De sel wie sober, mar modern ynrjochte, mei in tafel, stoel, bêd, toilet, en oan de muorre in tv-tastel. Mei in soad leven waard it lûk yn de doar iepentreaun.… Lês fierder

Greet Andringa

Libben reach

logo.ensafh

Opmjitte

De griene stip bosteret mei in gerêststellend gonkje oer it byldskerm. Rjochte line, bultsje, eintsje plat, gysten berch, beskieden kûltsje en dan wer rjocht. Hieltyd itselde patroan, de pols fan de slachier yn it wite halske folgjend.
Douwe is in oere lyn mei Marten nei hûs ta gongen. By de oare kasplantsjes sit hjir en dêr ek noch in heit of in mem. As ik net better wist, soe ik sizze dat se gewoan te sliepen lei. It boarstke giet kalm op en del, de noaswjokken dogge in bytsje mei. In koesbist leit neist har ûnder it lekken. Dit is de goede kant, hjirwei binne de noch altyd grutter wurdende blauwe plakken sawat net te sjen.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

Joppe (fragmint)

logo.ensafh

Hy ried nei de seedyk ta. Hy hie der hieltyd faker ferlet fan om allinne te wêzen. Yn de planning fan de kontrôles hold er der rekken mei. Boppe op ’e dyk seach er de dakken fan it azc tusken Raarendt en de seedyk. Yn in blauwe loft dreaunen grutte griiswite wolken, ien glied foar de sinne. Perselen ierappels wienen lofklapt en deasproeid. Gielwite stompkes stutsen út de rêgen.
Hy rûn de dyk del. It wie leech wetter. It Amelân lei as in oaze yn in slykwoestyn. Healwei de top fan de dyk en it stik dêr’t de tarre begûn, gie er yn it gers sitten.… Lês fierder

Meindert Bylsma

Yn ’t wylde wei (fragmint)

logo.ensafh

A.

‘Eefkes oan it fiskjen?’
Oerbuorman, hy ropt it oer de feart hinne.
‘Jawis wat oars,’ rop ik werom, ‘eefkes sjen oft se ek bite wolle.’

Myn oare ik begjint op slach te stokeljen.
‘Jawis wat oars,’ baut er my lekskoaiend nei, ‘jawis wat oars, der sit in man mei in angel yn ’e hân op in klapstuoltsje by de feart te sjen nei in dobber dy’t yn it wetter driuwt. Ra, ra wat docht dy man? Dochs gjin ûnnoazelsma wol, dy fint oan ’e oare kant fan it wetter. Lit him no gau yn syn eigen sop gearsiede of jou him in snuter: ‘Fiskje?… Lês fierder

Josse de Haan

In ljippenêst mei kikkerts

logo.ensafh

HAADSTIK 10

Yn de âlde sânbak sieten fiif jonges en in pear fammen út de heechste klassen yn in rûntsje. Foar har yn de midden fan it iepen sânfjildsje sprongen wat kikkerts hin en wer yn in kûle. Soms woe ien fan de kikkerts oer de râne springe, mar dan skeat der daalk in skonk nei foaren dy’t him werom trape yn de kûle.
Doe’t De Lytsk tichterby kaam, omdat er nijsgjirrich wie nei wat der barde, seach hy oan it gesicht fan De Jent dat dy him fuortstjoere woe. – Lytse bern en dronken lju, – sei er. Mar de oaren yn de rûnte reagearren net.… Lês fierder

Henk Wolf

Fragmint

logo.ensafh

Direkteur Taribary wie net in praatsk man. It measte lipwurk die syn adstint, de jonge Goerigok, foar him. No sweien beide manlju lykwols. Se sieten njonkeninoar op it foarkret fan in rykrakkige kapwein, dêr’t in bulte barten op loege wie.

‘Sjochst de himel?’frege Goerigok, dy’t in soarchlike trek om ‘e mûle hie. De oare knikte.

‘Ien jûntiid en dan fuort?’

Fannijs knikte syn prinsepeal. Hy bloes in kringeltsje sigarereek út. ‘Op syn heechst,’seid er.

Se swaaiden in dwerspaad op. Slierslakjend kaam de rest fan ‘e staasje nei. Fjirtich wenweinen, ferdekken en karren, de measte útsakkerich, opskroarre en kreakjend, toatelich mar fleurich opferve, soeiden mei de stadige stap fan skuilige brune en swarte hynders op Emsterskar yn.… Lês fierder