Aginda 04-02-2022: Grutte Gedichtejûn ensafh yn Dokkum

logo.ensafh

Bêste dichter/poëzyleafhawwer,

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. De hoop is dat it takom jier wer fysyk plakhawwe kin. It sil yn de iisherberch yn Dokkum heve.

Om dy reden ropt de redaksje alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om ien gedicht foar te dragen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft it fers skreaun is. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in fers fan immen oars foarlêze.

Der is lykas wenst fansels muzyk by, dat is ditkear fan it duo Onno & Henderikus.

Jou jo op foar 24 jannewaris 2022 by ensafhpoezij@gmail.comLês fierder

Teleks: Nije Letterhoeke fan Tresoar online

logo.ensafh

Yn it nijste nûmer omtinken foar twa nije tentoanstellingen; Vierspanning mei wurk fan fjouwer Fryske keunstners en wurk fan de yn Ljouwert berne Kor Onclin. Yn de nije rubryk Operaasje Audio beljochtet Syds Wiersma tenei peareltsjes út it argyf, yn de earste ôflevering giet it oer Operaesje Fers en ûndersiker Liuwe Westra fertelt oer syn wurk oan de biografy oer Tony Feitsma.

Lês hjir fierder… Lês fierder

Teleks: ‘Klútsjes’, it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

‘Klútsjes’, it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, op de webside fan Omrop Fryslân en de spesjale bylage fan de Leeuwarder Courant oer ‘ferbining’.

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op dizze webside.

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Kreuze 94 online

logo.ensafh

‘Moi lu,

Der is weer n nije oetgoave van t digitoale tiedschrift Kreuze. Ons webstee het diskeer 28 bladzieden mit verhoalen, gedichten, nijs en aander schrieverij in de Grunneger toal.

De biedroagen binnen van Ingeborg Nienhuis, Folkert Sierts, Nane van der Molen, Jan Sleumer, Klaas van Zonneveld, Trijnko Pelgrim, Anna de Vries-Maarhuis, Lineke Mooibroek, Gerhard P.J. Jansema, Nelleke van Vliet, Bert Weggemans, Henk Puister, Kunny Luchtenberg, Jan Huttinga, Eldert Ameling, Coby Poelman-Duisterwinkel, Pim de Noues en Wim Blaauw.’

Joargang 17, nummer 94 van Kreuze staait nou op http://www.kreuzekeuze.nl/.… Lês fierder