Teleks: Heechlearaar Goffe Jensma oer it Oera Linda-boek yn de Thúsakademy

logo.ensafh

 

It Oera Linda-boek is it apartste en tagelyk ek it meast oersette boek út de Fryske literatuer. It fertelt oer it mytysk ferline fan Fryslân. Wat bart der as godstsjinst, wittenskip, skiedskriuwing en Fryslân in literêr meunsterferbân mei inoar oangeane? Dêroer fertelde Goffe Jensma woansdei yn de tredde Thúsakademy.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Poëzyfilmspecial Nyk de Vries by Omrop Fryslân

logo.ensafh

Poëzyfilmspecial Nyk de Vries by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân stjoert op twadde krystdei in special út rûnom de poëzyfilms fan Nyk de Vries. It giet om in seleksje fan de films dy’t er earder makke as Dichter fan Fryslân, tegearre mei filmmakker Herman Zeilstra. Ien dêrfan is in krystfilm dy’t ferline jier om krysttiid hinne op Skiermûntseach opnaam waard, mei Sytske Hoogterp en Henk Huizinga yn de haadrollen. De teksten fan de poëzyfilms meitsje ek diel út fan ‘Asman’, de nije bondel fan Nyk de Vries dy’t krekt ferskynd is by De Arbeiderspers. De special wurdt útstjoerd op snein 26 desimber om 18.30 oere en wurdt yn de oeren dêrnei hieltyd werhelle.… Lês fierder

Teleks: Tresoar en Literatuurmuseum wurkje gear oan lansearring auteursportaal

logo.ensafh

Tresoar en Literatuurmuseum wurkje gear oan lansearring auteursportaal

Frysk letterkundich en histoarysk sintrum Tresoar en it Literatuurmuseum yn Den Haag binne mei de Koninklijke Bibliotheek en oare organisaasjes mei biblioteekkolleksjes in gearwurking oangien om Nederlânsk literêr erfgoed oan elkoar te ferbinen. Dy gearwurking hyt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken.’ In auteursportaal dêr’t alle ynformaasje oer ien skriuwer yn te finen is, tsjinnet as praktyske tapassing fan it ‘verbonden erfgoed’.

It wurk fan de yn Fryslân berne skriuwer Theun de Vries (1907-2005), dy’t in ûnbidich grut literêr oeuvre skreaun hat, tsjinnet as pilot foar it auteursportaal. Ynformaasje oer in auteur is faak net op ien plak te finen.… Lês fierder

Teleks: ‘Fertel ris’ siket ferhalen yn Smellingerlân en Opsterlân

logo.ensafh

Foar it projekt Fertel ris reizgje meiwurkers fan de Afûk mei de Karavaan van de vriendschap mei om ferhalen op te heljen. Sterke ferhalen oer eartiids, persoanlike ferhalen oer freonskip, ferhalen dy’t werkenber binne foar de âldere generaasjes. Dy ferhalen wurde brûkt om nij materiaal te meitsjen sa as boeken, foarlêsferhalen of praatkaarten foar aktiviteiten mei âlderein.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Fryske mbû’s sette skouders ûnder it Frysk

logo.ensafh

De Fryske mbû-ynstellingen Aeres, ROC Friesland College en ROC Friese Poort sette yn ’e mande mei de Afûk en provinsje Fryslân de skouders ûnder it Frysk. Alle partijen sille sa mei-inoar it plak fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis fersterkje. De partijen hawwe de ambysjes en de dêrby hearrende doelen en wurksumheden fêstlein as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Om dy ôfspraken te bekrêftigjen, setten fertsjintwurdigers fan de ferskillende yn-stellingen fan ’e moarn harrenhantekening ûnder it konvenant ‘Mei-inoar sette wy de skouders ûnder it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis’.

Lês fierder by RTV NoordoostLês fierder

Petear mei Gabriëlle Terpstra

logo.ensafh

“Roze is wol sa’n bytsje de Pauperkleur,” seit Gabrielle Terpstra. Se (slam)dichtet, en is bekend fan it kollektyf de Paupers. We sitte yn it kafee fan dByb yn de Blokhúspoart. Der waait in kâlde wyn. Hast alle bondelpresintaasjes blaast er fuort! Dy fan Erik de Boer (Marktzicht, Drachten) gie noch krekt troch, mar dy fan Hindirk Hannema (Westertsjerke) en de Pauperbondel (Marktzicht) geane foarearst oer. “Pauperroze”. De bondel leit op tafel tusken ús yn. It roze spat yndied fan it papier. Ik freegje har wêr’t har eigen gedichten weikomme, hoe’t se begong is.

Lês fierder by Arjan Hut op de side fan de Moanne… Lês fierder

Teleks: Audiofragminten mei Meindert Bylsma yn dossier

logo.ensafh

Op 11 novimber 2021 is skriuwer Meindert Bylsma tachtich jier wurden. Om dat feit te fieren hat Tresoar Arjan Hut frege om in skôging te skriuwen oer it dichtwurk fan Bylsma. De ôfrûne wiken is dy skôging pleatst yn dit dossier op Sirkwy. Hjoed wurdt it dossier ôfsletten mei audiofragminten út it Frysk Film en Audio Argyf.

Lês en harkje fierder by SirkwyLês fierder