Teleks: Nije lessen Skriuwersfakskoalle fan 9 maart ôf

logo.ensafh

Skriuwe yn it Frysk: de ien publisearret al jierren, de oar siket noch om de goeie wurden. Beiden binne wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op 9 maart 2022 set in nije searje lessen útein, op 9 febrewaris 2022 is der in yntroduksjeles.

De begjinner komt yn it blok Skriuwtechniken yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, leart om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken.

De al publisearjende skriuwer krijt yn it blok Redigearjen mear sicht op it herskriuwen, op de kânsen dy’t de tekst noch jout, op it riker meitsjen fan de wurdskat.… Lês fierder

Teleks: Grammatika fan it Frysk fan Sealterlân

logo.ensafh

Minsken dy’t it Frysk leare wol dat oarekant de grins praat wurdt, hawwe der in handich helpmiddel by. Mei de Grammatik des Saterfriesischen is der no in wiidweidige beskriuwing fan de sinbou fan it Sealterlânske Frysk. De grammatika is net yn boekfoarm te krijen, mar stiet fergees as PDF-bestân op ynternet. De fiertaal is Dútsk.

De grammatika is skreaun troch Bouke Slofstra, Eric Hoekstra en Tessa Leppers fan de Fryske Akademy. It giet om in earste ferzje. Takom jier wolle hja in útwreide twadde ferzje publisearje.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Jubileum skriuwerskip Geart Tigchelaar

logo.ensafh

Skriuwer Geart Tigchelaar fiert dit jier syn tsienjierrich (boek)skriuwerskip. Hy wol sadwaande mei in spesjale aksje ekstra omtinken jaan oan syn debút Lúshâlding, dat yn 2011 by Friese Pers Boekerij útkaam.

Wa’t ien fan de oare boeken fan Tigchelaar keapet, kriget Lúshâlding der fergees op ta. De boeken binne te bestellen by de auteur: ynfo@wurdbyld.com.

Boarne: It NijsLês fierder

Teleks: Grinzer universiteit en provinsje Fryslân deilis oer stúdzje Frysk

logo.ensafh

De provinsje Fryslân meiprate oer de nije heechlearaar Frysk yn Grins? Gjin sprake fan, wat dekaan Thony Visser fan de Letterefakulteit oanbelanget. Neffens har hat allinnich de universiteit sels wat te sizzen oer it oannimmen fan personiel. Boppedat betellet de universiteit de learstoel sels.

De provinsje is it dêr net mei iens. Dy hat sels al nammen trochjûn fan saakkundigen dy’t meiprate moatte oer de takomst fan de frisistyk oan de Ryksuniversiteit Grins. De provinsje wiist derop dat er wetlik meiferantwurdlik is foar de stúdzje Frysk en dat er alle jierren 220 tûzen euro oan de universiteit betellet foar dy stúdzje.… Lês fierder

Teleks: ‘Wjerspegelje’ suksesfol ôfsletten mei mear as 200 lokaasjes

logo.ensafh

De gedichten fan Wjerspegelje hingje ûnderwilens op mear as twahûndert lokaasjes yn de gastfrijheidssektor, biblioteken, skoallen en gemeentehuzen fan Fryslân. Dêrmei is it projekt fan Ljouwert Unesco City of Literature en Merk Fryslân in sukses wurden.

De start yn jannewaris en de útwreiding mei 96 lokaasjes yn april wiene bysûndere mominten. Mei it berikken fan de nijste mylpeal en as foltôging fan it projekt fertsjinne Wjerspegelje nochris ekstra omtinken. Dat barde by de Ferhalenacht op freed 26 novimber yn Tresoar, dêr’t ferskate Fryske dichters harren gedicht foardroegen. Mei de fideokompilaasje wurdt it projekt ôfrûne.

Lês en sjoch fierder by It NijsLês fierder

Teleks: JOVD fynt dat provinsje ‘Fryske taal te wichtich makket’ yn brief nei universitei

logo.ensafh

JOVD Fryslân, de jongereinôfdieling fan de VVD, fynt dat provinsje Fryslân de Fryske taal te wichtich makket. Frysk op universitêr nivo hoecht net perfoarst in stúdzje te wêzen, seit de JOVD.

Ek fine se dat de provinsje neat te sizzen hawwe moat oer de oanstelling fan in nije heechlearaar Frysk. De organisaasje reagearret op in brief fan de provinsje, dy’t earder dizze wike kaam. Dêryn uteret de provinsje syn soargen oer de stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit fan Grins, om’t professor Goffe Jensma takom jier mei pensjoen giet en de provinsje benaud is dat syn opfolger net genôch fan it Frysk wit.… Lês fierder