Teleks: De universitêre stúdzje Frysk yn Grins stiet faai

logo.ensafh

Op 3 desimber 1951, fuort nei Kneppelfreed, waard it earste doktoraaleksamen Frysk ôflein oan de Ryksuniversiteit Grins. No dus ek krekt santich jier lyn. Troch Kneppelfreed krige dat feit doe in soad omtinken yn de media, sels lânlik. En de RUG die grutsk mei: de Fryske flagge waard útstutsen oan it Akademygebou. De dekaan fan de letterefakulteit spruts by de útrekking fan ’e bul wiidweidich oer it belang fan de wittenskiplike bestudearring fan it Frysk en de betsjutting dêrfan, net allinne foar Fryslân.

De akademyske bestudearring fan it Frysk liket no nei santich jier slim yn ’e knipe te kommen. It wie oan de RUG al langer net mear mooglik om Fryske taal en kultuer yn bachelor/master-foarm te bestudearjen, mar no wurdt it Frysk hieltyd lytser yn it kurrikulum fan de RUG.… Lês fierder

Teleks: FERSpraat “Er gaat geen dag voorbij dat ik niet met poëzie bezig ben”

logo.ensafh

Streekdichter Geart Tigchelaar kwam weer met Annet Lageveen en Bert de Vries bij elkaar in het streekarchief om de zevende aflevering van FERSpraat op te nemen.

Alle drie lazen ze een gedicht voor dat erg van elkaar verschilde. Ieder gedicht riep ook verschillende emoties op bij iedereen, dit werd dan ook onderling besproken.

Lês en harkje fierder by RtvnofLês fierder

Teleks: Fryske sinteklaasgedichtewedstriid

logo.ensafh

De Fryske Akademy en de Provinsje Fryslân organisearje in gedichtewedstriid foar jong en âld mei prizen yn ferskate leeftiidskategoryen. Oanlieding is de lansearring fan it nije online taalportaal Frysker.nl.

De wedstriid
Dielnimmers oan de wedstriid kinne by it skriuwen fan it gedicht gebrûk meitsje fan Frysker.nl . Gedichten kinne ynstjoerd wurde foar 1 desimber 2021 nei frysker@fryske-akademy.nl, ûnder fermelding fan namme, adres, e-mail, telefoannûmer, âldens en evt. skoalle.

In deskundige sjuery, besteande út Eric Hoekstra (Fryske Akademy), Nienke Jet de Vries (Provinsje Fryslân) en de Fryske dichter Sigrid Kingma, sil de gedichten beoardielje. Op 3 desimber wurde de priiswinners bekend makke.… Lês fierder

Teleks: Fiiftalich wurdboek lit ferskil tusken Fryske streektalen sjen

logo.ensafh

Frjentsjertersk, Biltsk, Ljouwertersk; wat is it ferskil tusken al dy talen no eins? It Frjentsjerter Genoatskap hat in wurdboek yn leafst fiif talen gearstald.

It Franeker Woardeboek is skreaun troch trije frijwilligers fan Ut Genoatskap foar ut Behoud van ut Franekers. “Der stean sa’n 17.000 lemma’s yn”, fertelt foarsitter Theo Kuipers. “Fan al dy wurden is in omskriuwing makke yn fjouwer talen: Ljouwertersk, Biltsk, Nederlânsk en Frysk.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Sigrid Kingma nije ‘Dichter fan Fryslân’

logo.ensafh

 

Sigrid Kingma is beneamd ta de nije ‘Dichter fan Fryslân’. Sy is dêrmei de tredde Dichter fan Fryslân. Kingma krijt de titel foar de kommende twa jier.
Sigrid Kingma – Foto: Dichter fan Fryslân, Reyer Boxem

De advyskommisje bestie út Annemarie Lindeboom, Cilla Geurtsen en foarsitter Tsead Bruinja. Deputearre Sietske Poepjes makke de nije Dichter fan Fryslân offisjeel bekend yn de Westerkerk yn Ljouwert.

Lês fierder by Omrop Fryslân

Sjoch ek by Provinsje Fryslân

Sjoch hjir foar it sjueryrapport… Lês fierder

Teleks: Meindert Bylsma 80 jier

logo.ensafh

Hjoed, op 11 novimber 2021, wurdt skriuwer Meindert Bylsma 80 jier. Om dat feit te fieren begjint Tresoar op dizze dei mei in nij dossier op Sirkwy oer de skriuwer. Arjan Hut hat de poëzy fan Bylsma (wer) lêzen en hat dêr in skôging oer skreaun. Dy skôging wurdt yn trije stikken publisearre op Sirkwy. Dêrneist wurdt in ferskaat oan byldmateriaal fertoand.

Meindert Bylsma waard berne op 11 novimber 1941 yn Wergea. Nei de middelbere skoalle folge er de oplieding ta ûnderwizer oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Doe’t er út militêre tsjinst kaam, begûn Meindert Bylsma syn wurkpaad yn it ûnderwiis oan in legere skoalle yn Drachten.… Lês fierder