Teleks: blog Cornelis van der Wal ‘Fryske poëzij yn Awater’

logo.ensafh

Yn de hjerst-edysje fan it literêr tydskrift Awater wurdt û.o. oandacht bestege oan de nije Frysktalige poëzij. Skriuwer fan it artikel is Jabik Veenbaas.

Ik mis yn syn oersjoch oars al in pear nammen, lykas Geart Tigchelaar en Syds Wiersma, en Veenbaas skriuwt ek de namme fan Elmar Kuiper ferkeard. mar it artikel is oer it generaal wol ynformatyf foar dejinge dy’t net folle fan de Fryske dichtkeunst wit.

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder

Teleks: ‘Unwis’ – Lêste poëzijfideo Dichter fan Fryslân 2019 – 2021 yn premjêre

logo.ensafh

Juster gie op Omrop Fryslân TV de lêste fan in seary fan sân poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. Dizze lêste poëzijfilm is in ferfilming fan it gedicht ‘Unwis’.

Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra binne sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme. Geandewei dit jier waarden der meardere poëzijfideo’s útstjoerd fia Omrop Fryslân TV.

Lês en sjoch fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: 15e edysje ‘Jou in bern in boek’ yn Noardeast-Fryslân

logo.ensafh

Jierliks krije alle bern fan groep 5 yn gemeente Noardeast-Fryslân in Frysk boek kado fan harren gemeente en de Biblioteek Noard Fryslân. Dit jier is it de 15e edysje fan Jou in bern in boek. Op 5 novimber rikte wethâlder Fedde Breeuwsma it earste boek út yn Hallum.

Al 15 jier omtinken foar Frysk lêzen en skriuwen
Dit jier krije alle bern fan groep 5 (sa’n 530) it boek Hero kado. It boek is skreaun troch Martha Attema en útjûn troch de Afûk. It boek is twatalich: Frysk en Ingelsk. Wethâlder Fedde Breeuwsma oerhandige it earste eksimplaar oan de haadpersoanen fan it boek, Izaak en Gabe.… Lês fierder

Teleks: Arcadia, it Frysk de bosk ynstjoerd

logo.ensafh

Wat is dyn paradys? Dyn dreammaatskippij? Yn Arcadia sykje wy mei (ynternasjonale) keunstners om it antwurd. Hûndert dagen lang litte kreative tinkers en tûke dwaners sjen hoe’t de wrâld draait mei ynstallaasjes, tentoanstellingen, petearen en optredens.

Sa begjint de iepeningsside fan it nije kulturele projekt Arcadia, dat takomme jier fan 7 maaie oant 14 augustus yn Fryslân holden wurdt. It is in fuortsetting fan Ljouwert 2018–2028. Hûndert dagen in programma mei wiswier nijsgjirrige keunstmanifestaasjes. Sa sille yn it projekt ‘Bosk’ 1500 beammen troch Ljouwert kuierje en yn ‘Paradys’ wurde der yn Oranjewâld tentoanstellingen hâlden om it parklânskip hinne.

Lês fierder by Pier Bergsma op It Nijs… Lês fierder

Teleks: Kursus libbensferhalen skriuwen 2022

logo.ensafh

Skriuwster Marga Claus jout geregeld in kursus oer it skriuwen fan in libbensferhaal. Op 12 jannewaris 2022 set sy útein mei in nij blok. Dy kursus wurdt net troch Tresoar organisearre, mar is wol yn it gebou fan Tresoar. Sjoch foar mear ynformaasje: www.margaclaus.nl.

It is in moaie en sinfolle bezichheid om yn in lytse groep minsken dwaande te wêzen mei it eigen libbensferhaal. Mei bepaalde oefeningen aktivearje wy oantinkens út de jonge jierren. It blykt dat skriuwe yn in groep in soad opsmyt. De kursisten bringe elkoar op ideeën, en sadwaande slagget it hieltyd better om hichte- of djiptepunten út it ferline op papier te krijen.… Lês fierder