Teleks: Kursus libbensferhalen skriuwen 2022

logo.ensafh

Skriuwster Marga Claus jout geregeld in kursus oer it skriuwen fan in libbensferhaal. Op 12 jannewaris 2022 set sy útein mei in nij blok. Dy kursus wurdt net troch Tresoar organisearre, mar is wol yn it gebou fan Tresoar. Sjoch foar mear ynformaasje: www.margaclaus.nl.

It is in moaie en sinfolle bezichheid om yn in lytse groep minsken dwaande te wêzen mei it eigen libbensferhaal. Mei bepaalde oefeningen aktivearje wy oantinkens út de jonge jierren. It blykt dat skriuwe yn in groep in soad opsmyt. De kursisten bringe elkoar op ideeën, en sadwaande slagget it hieltyd better om hichte- of djiptepunten út it ferline op papier te krijen.… Lês fierder

Teleks: Aktiviteiten fan Gysbertwike moatte as waarme broadsjes oer de toanbank

logo.ensafh

Te min Friezen binne op de hichte fan de literêre wearde fan de Gysbert Japicxpriis. Tresoar wol dêr no wat oan dwaan en komt mei in spesjale Gysbertwike mei allerhanne aktiviteiten. Moandei wie de earste gearkomste yn Tresoar, dy’t yn it ramt stie fan de winner fan dit jier: Eeltsje Hettinga.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Poëzijfilms Dichter fan Fryslân op Noordelijk Film Festival

logo.ensafh

Sneontemiddei 13 novimber presintearret it Noordelijk Film Festival yn Neushoorn in NFF-special, mei trije projekten wêryn’t Fryske poëzy en film byinoar komme.

De Picture Poems fan Metafoor Media en Tresoar kombinearje in breed oersjoch fan de skientme en it ferskaat fan Fryske gedichten en nij wurk fan jonge filmmakkers. Bert Looper nimt dy mei op in reis troch de tiid. Anne Feddema draacht ien fan syn gedichten live foar, folge troch de ynterpretaasje fan de filmmakker. Der binne no 14 Picture Poems makke, twa nije films ha fannemiddei harren premjêre.

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Kreuze 93 online

logo.ensafh

Moi lu,

Der is weer n nije oetgoave van t digitoale tiedschrift Kreuze. Ons webstee het diskeer 28 bladzieden mit verhoalen, gedichten, nijs en aander schrieverij in de Grunneger toal.

De biedroagen binnen van Klaas van Zonneveld, Ingeborg Nienhuis, Folkert Sierts, Nelleke van Vliet, Jan Sleumer, Nane van der Molen, Hanne Wilzing, Henk Puister, Anna de Vries-Maarhuis, Kunny Luchtenberg, Gerhard P.J. Jansema, Coby Poelman-Duisterwinkel, Wim Blaauw, Eldert Ameling, Bert Weggemans, Trijnko Pelgrim, Agnes Huzeling-Zandt, Jan Huttinga, Rieks Holtkamp, Ab Detmers, Bert Wijnholds en Bert Hensema.

Lês fierder by KreuzeLês fierder

Teleks: Frysker.nl: nij Frysk taalwebstee

logo.ensafh

Wolle jo fluch in sprekwurd hawwe mei it wurd ‘foet’ deryn? Of wolle jo witte oft der ek gaadlike synonimen binne foar ‘klear’? Earder wie it gauris gâns in sykjen ear’t jo besette koene dêr’t jo ferlet fan hiene. It nije webstee Frysker.nl makket it in einhinne makliker.

Frysker.nl is makke troch de Fryske Akademy yn Ljouwert. Dat wittenskiplike ynstitút foar Fryske taal, kultuer en skiednis hat earder al it webstee taalweb.frl makke. As Frysker.nl klear is, sil taalweb.frl lang om let ferdwine.

Guon bekende ûnderdielen fan taalweb.frl binne op Frysker.nl ek werom te finen. De ‘foarkarswurdlist’ stiet der wer op, ûnder it kopke ‘Sykje’.… Lês fierder

Teleks: Poëzieroute Leeuwarden fiert nije app mei middei oer strjittepoëzij

logo.ensafh

De Poëzieroute Leeuwarden is útwreide mei in app. Dat wurdt op freed 5 novimber fierd mei in middei dêr’t it draait om strjittepoëzij, mei û.o. in workshop strjittepoëzij troch literatuerwittenskipper Kila van der Starre. Meld dy gau (fergees) oan!

Nije webside en app

De app is ûnderdiel fan de fernijde webside fan de Poëzieroute Leeuwarden, dy’t it ôfrûne jier yn opdracht fan Stichting Poëzietableaus Leeuwarden en Ljouwert UNESCO City of Literature ûntwikkele is troch
BW H Ontwerpers en mei mooglik makke is troch it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân.

Lês fierder by leeuwardencityofliteratureLês fierder