Teleks: Rôze blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’ presintearre

logo.ensafh

Op Rôze Sneon (16 oktober) is de blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’ by Tresoar presintearre. De twatalige bondel mei tal fan poëzy- en proazafragminten mei LHBTY+-tematyk waard oanbean oan Rainbow warrior Sipke Jan Bousema, dy’t him bot ynset foar Fryslân as reinbôgeprovinsje. Jelle Krol hâlde by de oanbieding in ferhaal. Hy foarme mei Janneke Spoelstra, Doeke Sijens, Jantsje Post en Tsjerk Veenstra de redaksje fan de bondel.

Jelle Krol fertelde in persoanlik ferhaal. In pear stikken dêrút:

Lês en sjoch fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Twa Fryske foardrachten foar de IBBY Honour List 2022

logo.ensafh

De boeken Silke & Miss Dee (útjouwerij Afûk 2020) skreaun troch Baukje Wytsma fan Reduzum en De bruorren Liuwehert (Utjouwerij Regaad 2019) fan Astrid Lindgren, oerset troch Rymke Zijlstra fan Oentsjerk, binne foardroegen foar de IBBY Honour List 2022.

Dy earelist fan de IBBY (International Board on Books for Young People) is in ynternasjonale, twajierlikse seleksje fan resint publisearre boeken fan hiel hege kwaliteit, ta eare fan skriuwers, yllustratoaren en oersetters út de lannen dy’t by de IBBY oansletten binne. De list jout in ynsjoch yn it bêste wat elk lân te bieden hat oan berne- en jeugdliteratuer. IBBY-Nederlân draacht sawol Frysktalige as Nederlânsktalige skriuwers en oersetters foar de Honour List foar.… Lês fierder

Aginda 19-11-21: Taalkundedei 2021

logo.ensafh

Taalkundedei 2021

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier de 11e Dei fan de Fryske Taalkunde, as ûnderdiel fan de ‘Myn Taal’-fiering om Kneppelfreed hinne. De 11e Dei fan de Fryske Taalkunde is fan belang foar elkenien dy’t niget hat oan de stúdzje fan it Frysk yn brede sin. Resultaten fan histoarysk, sosjologysk en taalkundich ûndersyk binne wolkom, mar ek presentaasjes fan ûndersyksplannen, spekulaasjes en taalkorpora. Lêzingen meie jûn wurde yn alle Westgermaanske talen. Fanwege de ‘Myn :taal’- moanne is ‘Taalstriid’ it opsjonele kongrestema (konkurrinsje tusken talen, wurden of struktueren). Bydragen fan studinten binne, lykas altyd, fan herte wolkom.… Lês fierder

Aginda 01-11-21 o/m 06-11-21: Aktiviteiten Gysbert Japicxpriis 2021

logo.ensafh

De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber krijt er de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriis wike holden.

Lês fierder by TresoarLês fierder

Teleks: Ferdinand de Jong skriuwt Frysk Kadoboek 2022

logo.ensafh

Skriuwer Ferdinand de Jong (Oranjewâld, 1969) skriuwt it Frysk Kadoboek 2022. Yn 2010 ferskynde fan him syn earste roman ‘Guozzeflecht’. Twa jier letter krige hy de Rink van der Velde priis foar syn roman ‘It dak fan ’e wrâld’. Syn lêste roman ‘De tredde perioade’ (2018) is ek yn it Nederlânsk ferskynd.

Ferdinand de Jong: “It is fansels prachtich as je frege wurde om it Kadoboek te skriuwen. It foardiel fan in Kadoboek is dat lêzers ek ris wurk fan in skriuwer ûnder eagen krije dêr’t se oars net daliks in boek fan keapje as lêze soenen. De útdaging is dan fansels om in boek te skriuwen dat krekt dy lêzers ferliedt om mear fan jo wurk te lêzen.”… Lês fierder

Aginda 16-10-21: Presintaasje bondel mei blomlêzing LHBTY+-literatuer op Rôze Sneon

logo.ensafh

‘Do draachst de leafde oan’
Op Rôze Sneon, 16 oktober, presintearje Tresoar, Afûk en Ljouwert City of Literature de bondel ‘Do draachst de leafde oan. Literatuer fan Fryslân troch yn rôze bril’. De bondel befettet poëzy- en proazafragminten mei lesbyske, homoseksuele, transgender en ynterseksuele (LHBTY+) tematyk.

De titel fan de blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’, is ûntliend oan in fers fan Tsjits Peanstra.

De rom hûndert opnommen fragminten binne sammele troch in redaksjeteam dat bestie út Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra. De âldste tekst is út ’e santjinde iuw, Aan Elisene fan Titia Brongersma.… Lês fierder