Teleks: Lêste gedicht Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Hjoed ferskynde alwer it lêste gedicht fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân. Diskear in gedicht spesjaal yn it teken fan Rôze Sneon, it gedicht ‘Call me by your name’. It gedicht waard ek publiseard yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en op de webside fan Omrop Fryslân. De Nederlânske oersetting is makke troch de dichter sels. De Ingelske oersetting is fan David Colmer.

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Presintaasje nije roman ‘Hertsear’ fan Jikke Olivier

logo.ensafh

Mids famylje en freonen krige skriuwster Jikke Olivier fan Kollum sneontemiddei 9 oktober 2021 it earste eksimplaar fan har nije roman Hertsear út hannen fan Martsje de Jong fan útjouwerij KFFB. It tankwurd fan de skriuwster wie foar de KFFB, de meilêzers en omslachûntwerpster Rieke Verbeek. Dêrnei lies se in fragmint út de roman foar.

Lês en sjoch fierder by It NijsLês fierder

Aginda 31-10-21 o/m 14-11-21: De grize oer de grouwe mei Sjoerd Bottema en Jaap Louwes

logo.ensafh

Sjoerd Bottema fertelt oer en út syn spûkeboek De grize oer de grouwe: tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Jaap Louwes dêrnjonken, besjongt de deistige dingen mar ek it needlot. It Frysk is foar him is in prima blues- en rock&roll taal. Yn 2019 ferskynde Jaap syn meast resinte c.d. “Set ‘m op ” mei titels as “Memmen by it stek” en “Spikerjack”

Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan FryslânLês fierder

Aginda 14-10-21 o/m 18-11-21: Underweis mei Hilda Talsma en Emiel Stoffers

logo.ensafh

Emiel Stoffers en Hilda Talsma hawwe in protte oerienkomsten yn har wurk. Dêr’t Emiel sjongt oer werkenbere sitewaasjes dy’t Friezen belibje op it wurk of yn it deistige libben, skriuwt Hilda oer deselde tematyk. Se ha ek it talint om net om de feiten hinne te draaien en beneame de dingen sa’t se binne. De geasten fan dizze kreative rûchhouwers, dy’t tagelyk hiel gefoelich binne foar alles wat om harren hinne bart, brûzje altyd fan de ideeën. De Hûnekop en Hilda Talsma nimme jim op dizze jûn mei op reis troch har repertoire.

Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan FryslânLês fierder

Teleks: Geen bikini’s en dino’s: honderdduizenden kinderen lezen gecensureerde lesboeken

logo.ensafh

Honderdduizenden basisschoolleerlingen van met name reformatorische scholen lezen gecensureerde lesboeken, blijkt uit onderzoek van NRC. Thema’s die gevoelig liggen, zoals kermis, carnaval, make-up en tatoeages, worden vermeden. Deskundigen vinden het niet kunnen en zeggen dat hiermee kinderen tekort wordt gedaan.

Lês fierder by rtlnieuwsLês fierder

Teleks: Lida Dykstra bliuwt berneboeke-ambassadeur

logo.ensafh

Berneboekeskriuwster Lida Dykstra bliuwt in jier langer berneboeke-ambassadeur yn Fryslân. De organisaasje Boeken fan Fryslân hat dêrta beslette, omdat der yn it ôfrûne koroanajier op it mêd fan berneboeken net folle mooglik wie. De berneboeke-ambassadeur organisearret aktitviteiten dy’t bern entûsjast meitsje foar it lêzen fan Fryske boeken.

Lês fierder by It NijsLês fierder