Aginda 19-10-21: Vertalersgeluk, mei û.o. Jan Popkema

logo.ensafh

Explore the North, Tresoar en Boekhandel Van der Velde organisearje jûn Vertalersgeluk mei priiswinnende oersetters
Jûn yn it teken fan boekoersettingen yn gearwurking mei de Europese Literatuurprijs en it Nederlands Letterenfonds

Produksjehûs Explore the North, Tresoar, Boekhandel Van der Velde organisearje op tiisdei 19 oktober 20.00 oere yn gearwurking mei de Europese Literatuurprijs en it Nederlands Letterenfonds de jûn Vertalersgeluk. Trije oersetters, Jan Popkema, Annemarie Vlaming en Lette Vos, fertelle dy jûn oer har fakgebiet en de útdagings dy’t sy yn har wurk tsjinkomme. Vlaming is winner fan de Europese Literatuurprijs fan dit jier en Popkema krige de dr. Obe Postmapriis 2020.… Lês fierder

Teleks: ‘sis my / zeg me’, gedicht mei filmke fan Geart Tigchelaar, Streekdichter fan Noardeast-Fryslân

logo.ensafh

Geart Tigchelaar is Streekdichter fan Noardeast-Fryslân 2021-2023 en makket foar RIXT by elk fers in filmke. De Nederlânske oersetting is fan Syds Wiersma.

Dit gedicht is skreaun nei oanlieding fan de tentoanstelling fan De Groen yn Museum Dokkum. De útstalling is oant en mei 30 oktober te bewûnderjen.

Sjoch fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Optreden Cornelis van der Wal op Transpoesie festival op 14 oktober

logo.ensafh

Optreden Cornelis van der Wal op Transpoesie festival op 14 oktober

Op 14 oktober sil Cornelis van der Wal optrede op ien fan de eveneminten fan it Transpoesie poëzijfestival yn Brussel. Hy sil tegearre mei fiif oare dichters út hiel Europa – Being Bergsson fan de Faroe Eilannen, Kārlis Vērdiņš út Litouwen, Rita Kogan út Israel, Ondřej Macl út Tsjechië en Radu Bata út Roemenië – it poadium fan de biblioteek Muntpunt op gean. Neist foarlêze út har eigen wurk sille se ek yn petear oer hoe’t poëzij omgiet mei it ûnderwerp Frijheid en Identiteit. It evenemint sil opnaam wurde en letter werom te sjen wêzen.… Lês fierder