Teleks: Boek ‘De sonde fan Haitze Holwerda’ is út

logo.ensafh

De roman ‘De sonde fan Haitze Holwerda’ fan skriver Ulbe van Houten is d’r nou ok in ’t Bildts.

’t Ferhaal gaat over ’n graidboer fan ’t Frise plattelând, die’t foor de ongetiid drie Bildtse erbaaiers inhuurt. An ’t eand fan de ongetiid komt de boer syn ôfspraak over de sinterasy niet na.
Dan is hij an ’t ferkeerde adres bij de rechtlinige Bilkerts.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder

Teleks: Ferhalewedstriid De Nije

logo.ensafh

It Fryske tydskrift De Nije skriuwt in ferhalewedstriid út. It tema is Eilannen. It giet om selsbetochte of wier barde ferhalen oer ien of mear eilannen, tichteby of fierôf, dat docht der net ta. Se kinne gean oer bysûndere feesten en tradysjes op de eilannen, oer toerisme of krekt net, oer waar en wyn. Dat kin, mar dat hoecht net.

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder

Aginda 09-10-21: Dichterskollektyf RIXT komt mei It Literêr Sirkwy

logo.ensafh

Earste sirkwyjûn op 9 oktober yn kafee Marktzicht yn Drachten

Frysk Dichterskollektyf RIXT bringt It Literêr Sirkwy werom mei in nije rige literêre jûnen yn 2021-2022. Poëzy en muzyk binne de fêste yngrediïnten, lykas in iepen poadium nei it skoft. Sneontejûn 9 oktober is de ôftraap mei it earste Literêr Sirkwy yn kafee Marktzicht yn Drachten.

De ferskate RIXT-dichters dy’t ein july meidien hawwe oan RIXT op ’e Arke sette de toan foar de earste jûn, Arke yn ’zicht. Yn de Skriuwersarke op de Feanhoop wurken RIXT-dichters gear mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut en muzikant Bruno Rummler. De poëzy en muzyk dy’t dat oplevere hat, wurdt yn kafee Marktzicht presintearre.… Lês fierder

Teleks: Gysbert Japicxpriis 2021 foar Eeltsje Hettinga

logo.ensafh

De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’. De priis wurdt op 6 novimber útrikt, as ôfsluter fan in wike mei literêre aktiviteiten.

De advyskommisje skriuwt yn it rapport: ‘Dizze dichter fynt himsels hast by alle gedichten opnij út, sa’t er dat earder ek al die by al syn bondels. (…) Dat makket ‘Dichter fan Fryslân’ ta it bêste dat de Fryske poëzij de ôfrûne jierren opsmiten hat.’

De advyskommisje fan dit jier bestiet út Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde. Hja ha wurk beoardiele dat publisearre is yn de perioade 2017 oant en mei 2020.… Lês fierder

Teleks: Skriuw dy yn foar de Skriuwersfakskoalle

logo.ensafh

Skriuwe yn it Frysk: de ien publisearret al jierren, de oar siket noch om de krekte wurden. Beiden binne wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op tiisdeitejûn 12 oktober is der in yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdeitejûn 3 novimber sette dêr de lessen útein.

De begjinner komt yn it blok Skriuwtechniken yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, leart om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken.

De al publisearjende skriuwer krijt yn it blok Redigearjen mear ynsjoch oer it op ’e nij skriuwen, oer de kânsen dy’t de tekst noch jout, oer it riker meitsjen fan de wurdskat.… Lês fierder

Aginda 27-11-21: Fedde Schurerlêzing 2021 “Kneppelfreed 70 jier”

logo.ensafh

Saterdei 27 novimber, De Koperen Tuin te Ljouwert, 14.30 – 17.00 oere.

De Fedde Schurerlêzing is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt jierliks organisearre op in saterdeimiddei yn novimber. De lêzing is yn gearwurking mei Tresoar, It HCL en de Leeuwarder Courant. Fan takommend jier ôf ek yn gearwurking mei de Fryske Akademy.

Ferline jier koe de Fedde Schurerlêzing net hâlden wurde fanwege Covid. Sa as it no liket, sil it dizze hjerst slagje. Wy hawwe trije sprekkers: Sigrid Hemels, heechlearaar fan de Erasmus universiteit, Bert Looper, âld-direkteur fan Tresoar en skriuwer en sjoernalist Abe de Vries.… Lês fierder