Teleks: De Sutelaksjes binne wer los: it Fryske boek hûs oan hûs!

logo.ensafh

Keatsferiening De Helfrichs yn Kimswert en streekharmony Concordia yn Balk hienen de primeur. Dêr gienen de earste twa fan in rige fan sân Sutelaksjes yn septimber en oktober fan start. Fiifentweintich kroaden mei Fryske boeken gienen hûs oan hûs by de doarren lâns om it Fryske boek út te suteljen. De opbringst yn beide doarpen lei yn totaal op mear as €3.700,-.

Lês fierder by EBLTEBLTLês fierder

Teleks: Tryater Rûnom Vader&Zoon

logo.ensafh

Tryater en Wittermans Producties reizgje meikoarten mei Vader & Zoon troch de provinsje. By de foarstelling wurdt der in oanfoljend programma (Tryater Rûnom) organisearre foar ynteressearre skriuwers. Besjochst de foarstelling, dochst mei oan in skriuwworkshop en meist úteinlik dyn wurk presintearje yn in profesjoneel opnommen podcast.
Tweintich jier lyn spilen Joop en Mads Wittermans ek dizze foarstelling. No stean se wer tegearre op it toaniel, mar der is wol wat feroare! Yn de foarstelling fan doe hie heit lêst fan in midlifecrisis en wegere soan, nettsjinsteande ynspanningen fan syn heit, te foldwaan oan de noarmen fan de maatskippij. Anno 2021 sit de soan tsjin in midlifecrisis oan en liket er konformist wurden te wêzen.Lês fierder

Teleks: Berber Spliethoff wint ferhalewedstriid BoekfeestBoek

logo.ensafh

Freed 10 septimber wie it BoekfeestBoek, in jûn foar en mei lêzers én skriuwers, yn paviljoen MeM yn Bûtenpost. Goed 50 minsken kamen op it feest ôf dat it tema ‘los’ meikrigen hie, want sûnt lange tiid ien fan de earste literêre aktiviteiten. De ferhalewedstriid dy’t troch Boeken fan Fryslân oan it feest keppele wie, is wûn troch Berber Spliethoff (1985, Snits) mei har ferhaal ‘Leafde is loslitte’. Sy krige út hannen fan skriuwster Hilda Talsma in boekepakket útrikt en koe dêrnei fuortendaliks it poadium nimme om har ferhaal foar te lêzen oan it oanwêzige publyk. Foar it winnende ferhaal stiet dêrnjonken noch in publikaasje op de rol.… Lês fierder

Teleks: Gestopte auteur Jeroen Brouwers (81) mist het schrijven vreselijk

logo.ensafh

De succesvolle Nederlandse schrijver Jeroen Brouwers is jaren geleden gestopt met schrijven en dat gemis voelt hij iedere dag. In gesprek met de Belgische krant De Standaard zegt Brouwers dat hij tegenwoordig niet veel meer doet dan “suffen”.

“Nu ik met emeritaat ben – ik schrijf al een jaar of drie niet meer – voelt dat als een ernstig gemis. Ik staar voor me uit, wat op zich niet erg is, niks doen hoeft niet oncreatief te zijn, maar wat dan? Niks.”

Lês fierder by Nu.nlLês fierder

Teleks: Fryske Akademy wurket oan nij wurdboek: fan koroana oant tuolleprakkesaasjes

logo.ensafh

 

It besteande hânwurdboek Nederlânsk-Frysk datearret al wer fan 1985 en is sa njonkenlytsen aardich datearre. De Fryske Akademy wurket dêrom mei in team oan in nij wurdboek, mei folle mear wurden – lemma’s yn wurdboektaal – as yn dy fan 36 jier lyn.
“De taal feroaret. Nei 36 jier wurdt it heech tiid om te sjen oft der ek wurden bykommen binne. Je kinne dan ek tinke oan aktuele wurden lykas koroana, mar dan wol mei in k en oa”, fertelt wurdboekmakker Hindrik Sijens. Hy presintearre it projekt freed op de Akademydei yn Ljouwert. “Oan de oare kant binne der ek ferâldere wurden, dêr’t je je fan ôffreegje moatte oft je dy noch opnimme moatte.”… Lês fierder