Teleks: Geart Tigchelaar ‘Dy iene fraach / Die ene vraag’

logo.ensafh

Geart Tigchelaar: Dy iene fraach / Die ene vraag

Geart Tigchelaar is Streekdichter fan Noardeast-Fryslân 2021-2023 en makket foar RIXT by elk fers in filmke.
Dit gedicht is skreaun nei oanlieding fan it foarnimmen om in fuotgongersbrêge te bouwen tusken ’t Panwurk en it Noarderbolwurk yn Dokkum.

De Nederlânske oersetting is fan Syds Wiersma.

Lês, sjoch en harkje fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Trije ton ekstra foar programmearring kulturele aktiviteiten

logo.ensafh

Kulturele ynstellings yn de provinsje Fryslân lykas poppoadia, teäters, musea, film- en doarpshuzen kinne aanst ekstra stipe oanfreegje yn de programmearring. Ut de regeling, ‘Programmeringsimpuls culturele activiteiten Fryslân’, ûnderdiel fan it twadde provinsjale werstelpakket, komt trije ton beskikber foar it programmearjen fan aktiviteiten yn koroanatiid. De regeling giet op 15 septimber iepen en rint oant en mei 15 desimber 2021.

Lês fierder by Provinsje FryslânLês fierder

Teleks: Muzykpodcasts fan Beart Oosterhaven en Willem de Vries allegear online

logo.ensafh

De 10 podcasts oer (pop)muzyk yn en út Fryslân dy’t ensafh-muzykredakteur Beart Oosterhaven en Willem de Vries fan Omrop Fryslân yn ’e moannen juny, july en augustus 2021 op tiisdeitejûnen yn it radioprogramma Noardewyn Live útstjoerd hawwe, steane no ek allegear online. Se binne hjir te beharkjen.

Dit binne, neffens ôflevering, de ûnderwerpen dy’t yn ’e podcasts bepraat wurde:
1. It skriuwen/publisearjen oer (pop)muzyk yn/út Fryslân
2. Popgroep De Kast
3. Muzykbeweging ‘De Friese Bries’ en foaral popgroep Reboelje
4. De blues yn Fryslân
5. De festivals Liet en Liet International
6. De folkmuzyk yn Fryslân
7. Muzyk yn streek- en stedstalen yn Fryslân en dêrbûten
8.… Lês fierder