Teleks: Frisistikprofessor Jarich Hoekstra verstorben

logo.ensafh

Im Alter von 68 Jahren ist am Freitag, den 20. September Prof. Dr. Jarich Freark Hoekstra verstorben. Hoekstra war von 1999 bis zu seiner Emeritierung im Jahr 2022 Professor für Frisistik an der Christian-Albrechts-Universität in Kiel. Zuvor arbeitete er lange als Sprachwissenschaftler an der Fryske Akademy in Leeuwarden.

Jarich Hoekstra war in vielerlei Hinsicht ein außergewöhnlicher Wissenschaftler. Er gehört zu den wenigen, die sich ausnahmslos für alle Varianten des Friesischen interessierten. Neben seiner westfriesischen Muttersprache beherrschte er auch das Nordfriesische der Insel Amrum fließend. Diese Form des Friesischen war die Muttersprache seiner Lebensgefährtin und die gemeinsame Sprache in ihrem Zuhause. In seinen zahlreichen Veröffentlichungen in vielen Sprachen beschrieb Hoekstra immer wieder neue interessante Eigenschaften der friesischen Sprachen.… Lês fierder

Aginda 17-10-2024: Lunchlêzing Goffe Jensma oer ‘De Obe fan no’

logo.ensafh

De wichtichste moderne dichter fan Fryslân, Obe Postma (1867-1963), hat lang libbe. Foar in part wie er in 19 e-iuwer, foar in oar part hearde er ta de 20ste iuw. Mar hoe soe de Obe Postma fan ús tiid derút sjoen hawwe? Hoe soe er him ferhâlde ta de einleas groeiende meartaligens fan de 21ste iuw? En de komst fan de digitalisearring en fan sosjale media, dy ‘t oer hieltyd gruttere ôfstannen minsken mei-inoar ferbine wolle? Soe in oeuvre as dat fan him yn ús tiid en yn ús wrâld noch kâns fan slagjen hawwe?

Nei de lêzing ûntfange eareleden Siebren van der Zwaag en Philippus Breuker in oarkonde út namme fan it Obe Postma Selskip.… Lês fierder

Teleks: Dielnimming Fryske dichteres Gabrielle Terpstra oan Transpoesie 2024

logo.ensafh

Op freed 27 septimber sil Gabrielle Terpstra optrede op it festival TRANSPOESIE yn Brussel. It tema fan dit jier is “surrealisme”, om de berte fan dizze keunstfoarm, in iuw lyn, te fieren. In tema dat wol by Gabriella past! It festival duorret fan 26 oant en mei 28 septimber en fynt plak op ferskate plakken yn Brussel. Har dielnimming wurdt mei mooglik makke troch It Skriuwersbûn, de Provinsje Fryslân en de Douwe Kalmastifting.

Ek is oeral yn de Brusselske Regio poëzij te besjen: op ruten, doarren en muorren, yn útstallingskassen, yn it iepenbier ferfier en by minsken thús yn wenkeamers. De tweintich dielnimmende dichters diele in koart gedicht, elk yn harren eigen taal en mei harren eigen ferhaal.… Lês fierder

Aginda 28-09-2024: EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum fiere Europeeske Dei fan de Talen mei jûn oer films yn regionale of minderheidstalen

logo.ensafh

Op tongersdeitejûn 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum de Europeeske Dei fan de Talen, mei in paneldiskusje oer films yn regionale of minderheidstalen mei ferskate filmmakkers út Noard-Nederlân: Johanneke Dijkstra, Rob Camies, Steven de Jong en Janko Krist.

En… AKSJE! films yn regionale of minderheidstalen

It EBLT freget al jierrenlang oandacht foar de stipe fan filmproduksjes yn minderheidstalen. Lokkich wurde der rûnom yn Europa mear films yn minderheidstalen makke, op hieltyd better nivo. Mar wat binne de erfaringen en produksjes fan filmmakkers yn ús lân? Wêr binne filmmakkers en –produsinten mei dwaande, hokfoar útdagings komme sy tsjin en wêr fine sy de nedige stipe?… Lês fierder

Aginda 02 o/m 10-11-2024: Optredens Meindert Talma

logo.ensafh

Yn it ramt fan de Fryske Boekewike – fan 2 o/m 10 novimber – fersoarget Meindert Talma fiif optredens oer it Kadoboek: ‘Wynroas‘, dat er spesjaal foar de Fryske Boekewike skreaun hat. ‘Wynroas’ is in autobiografyske, tragikomyske novelle mei in spannende en dramatyske ôfrin.

Live is ‘Wynroas’ in audiofisuele trip fan in oere, dy’t dy meinimt yn in ferteld en songen (film)ferhaal oer in fûleindich konflikt dat Meindert Talma krige troch in liet op De Zee Roept, it album by it fotoboek fan Tryntsje Nauta oer de studinten fan de seefeartskoalle op Skylge.

Sjoch foar mear ynformaasje by Fryske BoekewikeLês fierder

Aginda 01-11-2024: Frysk Boekefeest, presintaasje Kadoboek Meindert Talma

logo.ensafh

Freed 1 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn De Kanselarij yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2024. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Wynroas’ fan Meindert Talma presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 2 o/m 10 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15,- oan Fryske boeken by jo boekhannel.

Meindert Talma (It Surhústerfean, 1968) skreau it Frysk Kadoboek 2024. Yn 1999 debutearre hy mei de autobiografyske roman ‘Dammen met ome Hajo’, dy’t yn 2022 by útjouwerij Regaad yn it Frysk ferskynde.… Lês fierder

Teleks: Doch mei oan de Masterclasses Literêre Performance

logo.ensafh

Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje wer in nije searje masterclasses Literêre Performance, foar skriuwers dy’t harren optredens nei in heger nivo bringe wolle en in stap fierder wolle yn it presintearjen fan harren wurk. De masterclasses wurde jûn troch teatermakker Karel Hermans. Meidwaan is fergees.

Sjoch foar mear ynformaasje by Ljouwert City of LiteratureLês fierder