Teleks: OPERAASJE KRYTGEDICHT Streekdichter fan Noardeast-Fryslân fan ’e sokken riden

logo.ensafh

Op 29 july hat Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, yn ’e mande mei de faam op ferskate plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân in saneamd krytgedicht oanbrocht. Mei Operaasje Krytgedicht hat er in gedicht skreaun dat gaadlik is foar op ’e fytspaden.

Tigchelaar syn doel is om minsken sa op in ûnferwachte en leechdrompelige wize yn kontakt komme te litten mei poëzy. It is foar de minsken dy’t der oerhinne fytse dan ek in folsleine ferrassing dat der ynienen in twatalich gedicht op ’e dyk stiet. Tigchelaar hopet dat lju op dy wize ûnderfine wat wurden dwaan kinne en sa faaks it gedicht in rol meispylje litte yn harren belibbing fan ’e omkriten.… Lês fierder

Teleks: Dichter Tsjisse Hettema ferstoarn

logo.ensafh

Skreaun troch Syds Wiersma

Sneintemoarn 25 july ferstoar dichter Tsjisse Hettema (Bitgum, 1955). Nei in tige koart siikbêd joech er thús yn Frjentsjer yn rêst en frede en yn bywêzen fan syn freondinne it libben oer. Sân jier lyn hie er de sykte fan Kahler oerwûn, mar de striid tsjin akute leukemy wie no net te winnen.

As dichter nimt Tsjisse Hettema ôfskie mei Hewwy dát, syn nije bondel dy’t nei de simmer ferskynt by útjouwerij Frysk en Frij. Tongersdei by de útfeart sille der ferskate fersen út de bondel foarlêzen wurde. Behalve gedichten steane der yn de bondel prachtige bylden fan filtwurken makke troch Tsjisse Hettema syn freondinne Aafje Bouwer.… Lês fierder

Teleks: Tsjisse Hettema (1955-2021) ferstoarn

logo.ensafh

Op 25 july is Tsjisse Hettema ferstoarn. Hettema begûn as skriuwer mei koarte ferhalen, dy’t publisearre waarden yn Trotwaer en Hjir en de jongereinbondel Skroei. Dêrnei is er oerstapt op it skriuwen fan gedichten. Yn 1995 kaam yn eigen behear syn debútbondel Tsi Tsi út.

Fjouwer jier letter ferskynde by de Q de opfolger It eachwyt fan de simpele rider. Dêrnei waard it in skoft stil. Pas yn 2015 brocht er syn tredde bondel út: Heehoo heeho de leafde is as de mage fan in ko.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Aginda 15-08-12: Viering het Leven en Werk van Gerard Kornelis van het Reve

logo.ensafh

Zeer geachte heer, zeer geachte mevrouw,
Tijger, Woelrat en Hester Witteveen nodigen u van harte uit voor de ´Kleine Plechtigheid´ op zondagmiddag 15 augustus aanstaande in Blauwhuis en Greonterp.
Op deze middag, tijdens het feest van Maria Tenhemelopneming, vieren wij voor de zestiende keer het Leven en Werk van Gerard Kornelis Franciscus Markies van het Reve.

PROGRAMMA:

15.00 uur:
ontvangst in de Sint-Vituskerk in Blauwhuis, door Hester, Tijger en Woelrat. Gerard ging hier vele jaren op zondagochtend naar de mis. Deze kerk werd in 1869-1871 gebouwd naar ontwerp van rijksbouwmeester P.J.H. Cuypers.
de meegebrachte bloemen voor Maria en Gerard worden bij het Mariabeeld in vazen geplaatst.… Lês fierder

Teleks: Relypriis 2021 foar 3 ferhalen en 3 fersen

logo.ensafh

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 67ste kear útskreaun, binne 97 ynstjoeringen ynkommen, 34 koarte ferhalen en 63 gedichten. De sjuery, besteande út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven, dy’t de ynstjoeringen anonym ta beoardieling krige, hat trije ferhalen en trije gedichten bekroand. Elmar Kuiper fan Jorwert wûn in priis foar sawol it ferhaal In frjemde fûgel as it gedicht Ferlosboartsje. Dêrneist waarden bekroand de ferhalen Crossroads fan Gerrit Hoekstra fan Winsum en Op frijersfuotten fan Bregtje Sijtsma út Aviemore (Skotlân) en de gedichten In healsliten aureooltsje fan Fedde Dijkstra fan Ljouwert en it waad fan Sytse Jansma fan Harns.… Lês fierder

Teleks: Boek- en kaartewinkel Het-Vergeet-Mij-Nietje yn Feanwâlden giet ticht

logo.ensafh

De slachter, de kapper, en no aansen ferdwynt ek boekhannel ‘Het Vergeet-Mij-Nietje’ út it sintrum fan Feanwâlden. “It wie wol tiid” sizze eigeners Jan en Griet Dantuma.

Jan tinkt dat der miskien wol twa miljoen briefkaarten en 60.000 boeken opslein lizze yn de winkel en opslach oan de Haadwei 20. De winkel yn Feanwâlden is in wier walhalla foar wa’t siket nei âlde kaarten of antike boeken yn alle soarten en maten. Nei hast 25 jier is tiisdei it ferkeapboerd op de gevel plakt. Foar Jan en Griet Dantuma is it gjin dreech beslút: “Jo sitte der altyd oan fêst.”

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder