Aginda 26-07-21: Presintaasje Bûsboekje 2022

logo.ensafh

Bûsboekje edysje 2022 komt deroan! Elkenien wurdt hertlik útnûge foar de jierlikse presintaasje. Dy is op moandei 26 july, fan 16.30 oant 18.00 oere yn It Frijlân, Boksumerdyk 5-a, krekt bûten Ljouwert en njonken de Dairy Campus.

It earste eksimplaar fan Bûsboekje 2022 sil oerlange wurde oan sjoernaliste Jantien de Boer, bekend fan har reportaazje oer lânskipspine. Der is ek gelegenheid om yn ’e kunde te kommen mei It Frijlân en De Oerfloed. Yn ferbân mei de kofje/tee heart de organisaasje graach foarôf wa’t derby wêze wol. Dat kin troch in e-mailtsje te stjoeren nei redaksje@busboekje.frl.… Lês fierder

Teleks: RIXT op ‘e Arke

logo.ensafh

Foar de twadde kear hat RIXT fan it FLMD in wike de beskikking krigen oer de Skriuwersarke by de Feanhoop. Fan 24 oant en mei 30 july sille RIXT-dichters mei-inoar oan poëzy wurkje yn de mande mei dichteresse Sigrid Kingma, dichter Arjan Hut of sjonger Bruno Rummler. It doel is om te wurkjen oan in gedicht, oersetting, foardracht of songtekst, dat letter dit jier op it poadium brocht wurde kin.

De dielnimmende RIXT-dichters binne: DerGjitr, Anne Heegstra, Ypie Bakker, Janna van der Meer, Tsjisse Hettema en Carla van der Zwaag. Sy sille de úteinlike útkomsten fan har moetings presintearje op in poëzyjûn dy’t RIXT yn de hjerst organisearret.… Lês fierder

Teleks: Ljouwert City of Literature siket ferhalen oer skientme

logo.ensafh

Foar it projekt ‘Utsteld lok’ siket Ljouwert UNESCO City of Literature hûndert ferhalen, wêrfan’t in tredde part út Fryslân komt. Oant 17 septimber hawwe skriuwers út Fryslân de kâns harren ferhaal oer skientme yn te stjoeren.

Utsteld lok is yn it foarjier fan 2022 ûnderdiel fan keunstmanifestaasje Arcadia. Der wurde dan – ynspirearre troch it 14e iuwske masterwurk Decamerone – yn hûndert dagen hûndert ferhalen ferteld, skreaun troch (semi)professionele skriuwers út Fryslân, Nederlân en dêrbûten. Ljouwert UNESCO City of Literature freget hûndert skriuwers om harren fyzje op skientme en hoe’t de wrâld der útsjocht wannear’t dy skientme de romte krijt. De skriuwers wurdt frege yn harren proazaferhaal harren fyzje op (takomstige) skientme in plak te jaan.… Lês fierder

Teleks: Sjuery Rink van der Veldepriis wol reglemint feroarje

logo.ensafh

De sjuery fan de Rink van der Veldepriis wol dat ek eardere winners wer meidwaan meie. Op dit stuit stiet it reglemint fan de twajierlikse literêre priis soks net ta.

Dy regel soe feroare wurde moatte, sei de sjuery woansdei by de útrikking fan de priis oan de Stellingwarver skriuwer Johan Veenstra. Neffens de sjuery is it net mear fan dizze tiid. “It giet ommers om in wedstriid en dy heart iepen te wêzen.”

Mar der spilet noch mear, fertelde sjuerylid Joukje Aardema. “By elke nije útrikking liedt it hanthavenjen fan dizze bepaling derta dat de molke geandewei ôfrjemme wurdt, hielendal no’t it tal publikaasjes mear en mear ûnder druk stiet.”… Lês fierder