Teleks: Johan Veenstra krijt dochs belangrike boekepriis

logo.ensafh

Skriuwer Johan Veenstra (74) fan Nijeholtpea hat no dochs de Rink van der Veldepriis krigen. Dat soe eins in jier lyn al, mar de útrikking is twa kear útsteld, fanwege it coronafirus.
Veenstra krijt de priis foar syn boek Vroeger is veurgoed veurbi’j. It is foar it earst dat de priis takend wurdt oan in boek dat yn in streektaal skreaun is. Veenstra skriuwt yn it Stellingwerfsk.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Ynleverje manuskripten Fedde & Martha Bergsma Priis

logo.ensafh

Dit jier sil foar de achtste kear de iennichste toanielskriuwpriis fan Fryslân útrikt wurde. Kandidaten kinne o/m woansdei 1 septimber 2021 harren manuskripten ynleverje.

Ien kear yn de trije jier wurdt de Fedde & Martha Bergsma Priis takend oan de skriuwer fan de bêste, oarspronklik Fryske toanieltekst. Oan de priis is in bedrach ferbûn fan € 1000,-. Yn oanmerking komme allinich oarspronklik Frysktalige toanielstikken dy’t skreaun binne tusken 2017 en 2021. Of it stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang. Net allinnich de skriuwers, ek ‘tredden’ kinne it wurk fan in toanielskriuwer ynstjoere. It wurk sil troch de sjuery besteande út: Bouke Oldenhof (winner fan de priis yn 2017), Gerrit Hoekstra en Tsjerk Bottema, beoardield wurde.… Lês fierder

Teleks: Gean ‘los’ mei de BoekfeestBoek-ferhalewedstriid

logo.ensafh

Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid foar lêzers út yn it ramt fan it BoekfeestBoek dat op freed 10 septimber yn Paviljoen MeM yn Bûtenpost holden wurdt. Elkenien wurdt fan herten útnûge om in koart ferhaal fan 750-1000 wurden yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen te skriuwen. It tema foar it feest en dus ek foar it ferhaal is ‘LOS’ yn de breedste sin fan it wurd. Wy kinne wer los, kinst loskomme út detinsje, kinst dy losmeitsje of -fiele, neam mar op.

De winner wurdt op it feest sels bekend makke en dy mei dan syn of har ferhaal foar it publyk foardrage.… Lês fierder

Teleks: Dizze 6 skriuwers sitte dit jier yn de Skriuwersarke

logo.ensafh

Seis skriuwers sille ek dit jier wer in tal wiken tahâlde yn de Skriuwersarke, de eardere arke fan Rink van der Velde, by De Feanhoop. It giet om Jan Minno Rozendal, Wilma Miedema, Warner B. Banga, Aukje Wijma, Harmen Bloemhof en Youvan Bergsma. Se stelle har koart foar om’t it troch koroana dit jier wer net (likemin as yn 2020) mooglik is om de Skriuwersarke op de wenstige manier te iepenjen mei in lytse seremoanje op De Feanhoop.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Premjêre fyfde poëzijfideo Dichter fan Fryslân – ‘Hoefolle wurden ha we noadich’

logo.ensafh

Snein 11 july giet der wer in poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV. De nijste poëzijfideo is in muzikale ferfilming fan it gedicht ‘Maitiid’.

De fideo is te sjen om 17:50 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle. De fideo is in dei letter ek te sjen fia de webside fan Dichter fan Fryslân, fia Leeuwarden City of Literature, LF2028, it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder

Aginda 17-07-21: Presintaasje blomlêzing Abe de Vries GIET NET TROCH

logo.ensafh

Yn 2001 is Abe de Vries op reizen nei East-Europa úteinset mei syn Frysk dichtsjen. No tweintich jier en tsien dichtbondels letter publisearret útjouwerij DeRyp in twatalige blomlêzing (Frysk-Nederlânsk) fan 45 gedichten út dy tsien bondels. De titel fan de bondel is Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam / Ik bond mijn koe vast aan een appelboom.

De Vermaning, Noard 100, Warkum, 17-07-21,19.30 oere

Lês fierder by Utjouwerij DeRypLês fierder

Teleks: Advyskommisjes Dichter fan Fryslân en Joast Halbertsmapriis bekendmakke

logo.ensafh

Wie wint de Joost Halbertsmapriis en wie wordt de nieuwe dichter fan Fryslân? Eind dit jaar wordt bekend wie in de voetsporen van Nyk de Vries treedt, de huidige dichter fan Fryslân. Gedeputeerde Staten hebben een adviescommissie gevraagd om met een voordracht te komen. Daarin zitten Cilla Geurtsen, Annemarie Lindeboom en Tsead Bruinja.

Eens in de twee jaar wordt een nieuwe dichter fan Fryslân gekozen. Die titel gaat naar een Friese dichter wiens werken hoog scoren op kwaliteit eigenzinnigheid en meertaligheid. Ook affiniteit met kunst, originaliteit en presentatie tellen mee. Eeltsje Hettinga was de eerste die de titel verdiende, Nyk de Vries de tweede.… Lês fierder