Teleks: Poetry International mei Nyk de Vries en Artvark livestream yn De Lawei

logo.ensafh

Op snein 6 juny om 16.00 oere bringe de Nederlânsk-Fryske poëzij-muzykproduksje fan Artvark en Dichter fan Fryslân Nyk de Vries in foarstelling mei in livestream (try-out) yn De Lawei yn Drachten. Yn opdracht jûn troch Poetry International. De muzikale fleksibiliteit fan Artvark en de fertellende krêft fan de poëzij fan Nyk de Vries ûnthjitte in bysûndere teatrale ûnderfinging. In ûnderfining dêr’t taal en muzyk inoar yn drage, fersterkje en gearfloeie yn in poëzij-muzykproduksje dy’t fierder rikt as it fermogen fan de taal en de muzyk ôfsûnderlik: Glass meets Tom Waits / Nick Cave.

Lês fieder by It NijsLês fierder

Teleks: FERSpraat [1] ‘bêd’ fan Tsead Bruinja

logo.ensafh

FERSpraat is in miny-podcast fan Geart Tigchelaar (Streekdichter fan Noardeast-Fryslân) dy’t mei syn twa gasten, Anneke Hoogland en Bram Zeilman, alle kearen ien gedicht foarlêze en koart beprate.

De ôfleverings wurde earst útstjoerd yn it programma Weekend Nieuwsshow fan RTV NOF.

Yn dizze earste ôflevering lêze hja in gedicht fan Tsead Bruinja, nammentlik ‘bêd’ út de bondel ‘Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers’ (Afûk, 2013).

Harkje fierder by SoundcloudLês fierder

Teleks: Gedichtewedstryd Woudagemaal

logo.ensafh

Wetterskip Fryslân en it Woudagemaal skriuwe in gedichtewedstryd út omdat sy fiere dat it Woudagemaal al 100 hier soarget foar drûge fuotten yn ús moaie provinsje.

Wat falt der te winnen?

Foar yndividuen: It winnende gedicht wint in VIP-arranzjemint ynklusyf middeisbrochje foar 4 persoanen by it Woudagemaal mei in rûnlieding. It winnende gedicht (of in diel dêrfan) wurdt op it rút fan de yngong by de kassa setten. Dus foar alle besikers sichtber!
Foar skoallen: It winnende gedicht wint it ‘folle krêft foarút’-arranzjemint by it Woudagemaal foar de hiele klasse (op syn heechst. 30 learlingen). En it gedicht (of in diel dêrfan) wurdt op it rút fan it stoomlokaal by it Woudagemaal setten.… Lês fierder

Teleks: Boekewikegeskink ek wer yn it Frysk

logo.ensafh

( maaie 29, 2021) Hjoed is de om de koroana útstelde boekewike begûn. Lang om let binne no it Boekewike-essay fan Roxane van Iperen en it Boekewikegeskink fan Hanna Bervoets te besetten. En der is, lykas de lêste jierren wenst, wer in Fryske edysje fan it Boekewikegeskink, diskear oerset troch Baukje Zijlstra. Dat is bûten Fryslân ek te krijen: freegje dernei!

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Workshop foardrachtskeunst foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

Open call: Ljouwert City of Literature en Tryater organisearje workshop foardrachtskeunst foar skriuwers en dichters

Wolst tips en trúks om sa foar te dragen dat it publyk dy de wurden wol út ‘e mûle helje wol? It geheim achter it goed brûken fan stiltes yn dyn foardracht? Ljouwert City of Literature en Tryater jouwe fan tongersdei 23 septimber ôf in workshoprige fan fiif jûnen foardrachtskeunst foar profesjonele skriuwers en dichters. De oanmelding is no iepen!

Yn dizze workshoprige ûndersikest op boartlike wize de mooglikheden om in tekst oer te bringen. Silst mei akteur en teaterdosint Karel Hermans oan ‘e gong mei dyn eigen teksten, poëzy of proaza, yn hokker taal ast mar wolst.… Lês fierder

Teleks: Soad belangstelling by ôftraap Taalplan Frysk 2030

logo.ensafh

Nei fjouwer foargeande kongressen efterinoar yn it Adverium yn Drachten, wie ôfrûne tiisdei de earste digitale ferzje fan WOW Frysk 2030. It kongres luts mear as 110 learkrêften, dosinten, direksjes, studinten en oare belangstellenden út de ferskillende sektoaren fan it ûnderwiis en foarme tagelyk de ôftraap foar Taalplan 2030.

Under útrop ‘Wow Taalplan Frysk 2030’ riede alderhande ynstellingen har ta op it jier 2030 as op alle skoallen yn Fryslân it Frysk praten, lêzen en skriuwen op in solide wize leard wurdt.

Lês fierder by It NijsLês fierder