Teleks: Fryske en Deenske dichters presintearje blomlêzing op LiteratureXchange yn Aarhus

logo.ensafh

De Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar presintearje yn ’e mande mei de Deenske dichters Peter Laugesen, Carsten René Nielsen, Annemette Kure Andersen, Thomas Dalgaard en Mads Mygind op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange yn Aarhus de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus, útjûn troch Hispel.

Yn 2019 hawwe de fjouwer Fryske dichters in wike yn Aarhus west om kollega-dichters te treffen en om op te treden. Dêr is in gearwurking mei de fiif Deenske dichters út fuortkommen. Sa hawwe hja dwaande west om inoars wurk oer te setten, fjouwer fan elke dichter.… Lês fierder

Teleks: Anne-Goaitske Breteler “Kwetsend, hoe’t Hugo de Jonge oer kultuer praat!”

logo.ensafh

Ik bin der lilk oer -en ha der sels wekker fan lein- dat minister Hugo de Jonge sa kwetsend oer kultuer praat.” De jonge publisiste en kultuermakker makke har sa lilk oer it trage tempo dêr’t de kultuer wer romte yn krijt fanwege corona. Benammen de opmerking fan de minister dat jo ek wol in DVD-tsje opsette kinne fan it ien of oar, rekke Breteler bot.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Alde Fryske hânskriften út it ferline automatysk oerset nei digitale tekst

logo.ensafh

In part fan de Tresoar-argiven fan Fryske notarissen út it ferline moat aanst maklik troch te sykjen wêze. Dat moat barre mei in automatyske hânskriftlêzer, ûnderdiel fan it lanlike projekt ‘De ijsberg zichtbaar maken.’ It moat it begjin wêze fan in revolúsje yn argyfûndersyk, sa hopet ek Tresoar.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Nee, het Fries heeft niet 3 klassen regelmatige werkwoorden

logo.ensafh

Begin deze week concludeerde Henk Wolf op deze plaats dat we in de frisistiek al jaren ziende blind zijn, en dat het Fries vermoedelijk niet twee regelmatige werkwoordsklassen heeft, maar drie. Die derde klasse zou een soort mix zijn van klasse I en II, en alleen werkwoorden met een onbeklemtoonde klinker aan het eind van de stam betreffen, zoals bijvoorbeeld tekenje of ferwolkomje.

Lês fierder by Anne Merkuur op Neerlandistiek… Lês fierder

Teleks: Dichter fan Fryslân op Poetry International Rotterdam

logo.ensafh

Spesjaal foar Poetry International makke Nyk de Vries, tegearre mei it Rotterdamske Artvark Saxophone Quartet, de poëtyske muzykfoarstelling ‘TAGELYK’. De foarstelling is yn it Nederlânsk en it Frysk en is ûnderdiel fan it iepeningsprogramma fan Poetry International op freed 11 juny.

Nei ferwachting sil de Dichter fan Fryslân op snein 6 juny in try-out jaan yn de Lawei yn Drachten. Op sneon 12 juny is de foarstelling ek te sjen yn Theater Walhalla yn Rotterdam.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder