Teleks: 100 Tiny Mulder: Foardracht gedichten en picture poem

logo.ensafh

Der binne wer twa nije bydragen pleatst yn it dossier oer 100 jier Tiny Mulder. Studinten fan de learare-oplieding Frysk oan de NHL Stenden Hegeskoalle hawwe ferskate gedichten fan Tiny Mulder foardroegen. In pear wiken wiene de earste resultaten te hearren en besjen. No folget de rest fan de foardrachten. Dêrneist is der in ‘picture poem’ oer in gedicht fan Mulder pleatst.

Lês en sjoch fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Needgjalp fan deputearren “Smyt de kultuersektor sa gau as mooglik iepen”

logo.ensafh

Musea, teäters, poadia, bioskopen en oare kulturele sealen moatte sa gau as mooglik wer iepen. Dêrta roppe alle kultuerdeputearren op yn in brief oan it Ryk, mei opsteld troch de Fryske deputearre Sietske Poepjes. ‘Kultuer is gjin lúkseprodukt’, sa skriuwt sy. De kultuersektor moat dêrom foarrang krije by nije ferrommingen.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: “Nearnewâld” foar alle eksamenstudinten Frysk!

logo.ensafh

“Nearnewâld” foar alle eksamenstudinten Frysk!

It Skriuwersboun, de feriening fan en foar Fryske Skriuwers, Oersetters, Sjoernalisten en oare Publisisten, jout alle learlingen fan middelbere skoallen dy’t dit jier it Frysk eksamen dogge in kado!
Hja krije it jubileumboek ‘Nearnewâld’, mei bydragen fan 45 skriuwsters en skriuwers. Laurens Bontes makke in tekening fan in tinkbyldich Frysk doarp mei allerhanne nijsgjirrige details. By dy tekening makken de auteurs koarte ferhalen en gedichten, meast yn it Frysk, mar ek yn oare yn Fryslân sprutsen talen. Yn 2019 bestie it Boun fyftich jier, en dat waard fierd mei û.o. dizze spesjale útjefte.
It boek biedt in prachtich priuwke fan wat de leden fan it Boun kinne, in stalekaart fan de aktuele Fryske literatuer.… Lês fierder

Teleks: ‘Wjerklank’ fan it Obe Postma Selskip stiet online

logo.ensafh

Ynhâld:

Redactioneel
Piet Gerbrandy, De wyn fan Fryslân
Johannes Kramer, Ferlies oan hâldfêst
Pieter Tuinman, Aantekeningen bij het gedicht ‘Te Harlingen’
Klaas van der Hoek, Obe Postma en E.E. Cummings
Willem van Dijk, It libben dat fergong
Marjoleine de Vos, Dichters zijn zieners
Eeltsje Hettinga, Obe Postma en de zondag
Anne Feddema, Postma’s Rabbelrjappelrap
Jan Kuijper, Obe Postma en het sonnet
Klaske Oenema, Wider útsjoch

Boarne: It Obe Postma Selskip

Wjerklank 23 (2021)Download (pdf)Lês fierder

Teleks: Besprek ‘Sjappy’ fan Sipke de Schiffart

logo.ensafh

Dit boek is (voor zover ik weet) alleen in het Fries verschenen.

Een dag (de laatste, zo zal blijken) uit het leven van Jappy Heslinga. Tijdens de zware bevalling heeft ie zuurstofgebrek opgelopen. Een overigens tot in de gore details beschreven zware bevalling waarbij de lichamelijke sappen je (of beter; de dienstdoende niksnut van een dokter) om de oren vliegen.

Jappy mijmert wat, hij gaat naar het dichtbij gelegen Franeker en in flash backs komen delen van Jappy’s leven voorbij. En van zijn vrekkige vader, van zijn broer die wel in alles uitblinkt omdat hij wel in het ziekenhuis met de juiste medische zorg ter wereld komt.… Lês fierder