Teleks: Dizze 6 skriuwers sitte dit jier yn de Skriuwersarke

logo.ensafh

Seis skriuwers sille ek dit jier wer in tal wiken tahâlde yn de Skriuwersarke, de eardere arke fan Rink van der Velde, by De Feanhoop. It giet om Jan Minno Rozendal, Wilma Miedema, Warner B. Banga, Aukje Wijma, Harmen Bloemhof en Youvan Bergsma. Se stelle har koart foar om’t it troch koroana dit jier wer net (likemin as yn 2020) mooglik is om de Skriuwersarke op de wenstige manier te iepenjen mei in lytse seremoanje op De Feanhoop.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Cornelis van der Wal nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

logo.ensafh

Cornelis van der Wal nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

Foar de alfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzijfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuiper (2019) en Nyk de Vries (2020) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Cornelis van der Wal. Hy sil op 26 septimber in optreden fersoargje, op de Europeeske Dei fan ’e Talen.
In sjuery besteande út Alex Riemersma (adviseur taalbelied by de Provinsje Fryslân en lektor oan NHL Stenden), Janneke Spoelstra (Fryske Akademy) en Ammerins Moss-de Boer (It Skriuwersboun) hawwe út seis opjeften de dichter Cornelis van der Wal keazen mei syn gedicht ‘Snie is in died fan ferset’.… Lês fierder

Teleks: Ferfolch Kulturele Haadstêd 2018 mei 100 dagen Arcadia

logo.ensafh

De organisaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018 (de Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018) bringt yn 2022 de earste edysje fan de triënnale Arcadia. Dat ferfolch op LF2018 bestiet út in 100 dagen duorjend kultureel programma, dêr’t de organisaasje omtinken mei freget foar de takomst fan mienskip, lânskip en erfgoed. Arcadia 2022 duorret fan 7 maaie oant en mei 14 augustus 2022.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Willem Tjerkstra uit Sneek schrijft dertig boeken vol over zin van leven

logo.ensafh

Zeventien jaar werkte Willem Tjerkstra uit Sneek aan zijn Fryske Odyssee. Inmiddels zijn zes van de dertig boeken verschenen in de lange zoektocht naar de zin van het leven. Bij een ‘Hollandse’ uitgever, omdat er in Fryslân geen belangstelling voor was. ,,Ik doch it no even rêstich oan”, zegt de 77-jarige schrijver.

Lês fierder by it Friesch DagbladLês fierder

Teleks: FERSpraat

logo.ensafh

FERSpraat

Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, siket twa minsken om mei him ien kear yn ’e moanne in gedicht te lêzen en it der koart oer te hawwen. Dat kin sawol in Nederlânsk- as in Frysktalich gedicht wêze. De bedoeling is om alle kearen in koart petearke te hawwen oer it oanbelangjende fers. Alles is stof ta FERSpraat!
De opnames binne yn Streekargyf Noardeast-Fryslân en wurde útstjoerd troch RTV NOF yn it programma Weekend Nieuwsshow. Minsken út ’e gemeente Noardeast-Fryslân kinne harren opjaan fia Tigchelaar syn mailadres: gearttigchel@hotmail.com
Geart Tigchelaar is fan 2021 oant 2023 Streekdichter fan Noardeast-Fryslân. Hy skriuwt yn dy funksje net allinnich gedichten, mar wol teffens besykje poëzy troch ûnderskate projekten (mear) ûnder de oandacht te bringen.… Lês fierder