Aginda 15-04-21: Online Skriuwworkshop ‘De Nacht’

logo.ensafh

Meisto graach skriuwe? En hast der nocht oan om yn it nachtlibben fan Fryslân te dûken? Meld dy dan no oan foar de skriuwworkshop by de foarstelling Nacht

De nije teaterfoarstelling Nacht reizget meikoarten troch de provinsje. In unike ûnderfining dy’t him foar in part by dy foar de doar ôfspilet. Dizze foarstelling giet oer minsken dy’t jûns let ûnderweis binne. Wêrom sliepe se net? Wat dogge se noch let bûten? De foarstelling spilet yn de hiele moanne april.

By de foarstelling ûntwikkelje we in oanfoljend programma foar ynteressearre skriuwers: Tryater Rûnom. Besjochst de foarstelling, dochst mei oan in online skriuwworkshop en meist úteinlik dyn wurk presintearje yn in profesjoneel opnommen podcast.… Lês fierder

Reaksje Koos Tiemersma ‘Seks-soap’

logo.ensafh

Om te begjinnen mei it lêste: it sil Hilda Talsma yndied woarst wêze oft har skriuwen no literatuer is of net. En dêr is niks mis mei.

Dat ‘Boeken fan Fryslân’, nei in tiid fan drûchte as it giet om in oarspronklik Frysk boek, diskear keazen hat foar Hilda Talsma, is alhiel net frjemd. As der ien is dy’t, en dan ek noch op eigen krêft, in lêzerspublyk opboud hat, is sy it wol, in groep dy’t se hieltyd oantrune hat om Fryske boeken te keapjen. Want dêr is de Fryske Boekewike ommers foar bedoeld. Dêrby hat se har tige ynspand om, as in wiere ambassadeur, de karre ek foar oare skriuwers te lûken.… Lês fierder

Teleks: Fryske boekewike grut sukses: kadoboek al twa kear útferkocht

logo.ensafh

De Fryske boekewike wie in grut sukses. Dat sizze de Fryske boekwinkels en Boeken fan Fryslân, in inisjatyf fan de Afûk. Ferline wike krige elkenien dy’t by in boekwinkel yn Fryslân in boek kocht, it Fryske boek Lockdownleafde kado. En dat bliek in goeie set te wêzen Der moasten hûnderten boeken by besteld wurde, en dy binne allegearre útferkocht.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Kultuerfûns Fryslân stipet 23 kultuer- en natuerprojekten

logo.ensafh

It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân hat yn it earste fearnsjier fan 2021 oan 23 kultuer- en natuerprojekten in finansjele bydrage tasein. It giet om in bydrage fan yn totaal € 60.720.

It is yn elts fearnsjier mooglik om in oanfraach yn te tsjinjen. De kritearia dêr’t in oanfraach oan foldwaan moat, binne te finen op de webside fan it Kultuerfûns.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: A surprising list of recently banned books

logo.ensafh

In 213 BC, the great Chinese emperor Qin Shi Huang buried 460 scholars alive before burning all the books in his kingdom so he could control how history would remember his reign.

Of course, since there were no books or scholars left to record the event, the exact details of this episode remain contested. But the point is, as long as books have existed there have been people trying to stop other people reading them.

Indeed, by 1982, so many books were being challenged in the United States that several free-speech organisations banded together to start Banned Books Week, which runs from 22-28 September.… Lês fierder

Teleks: Tresoar siket nije direkteur

logo.ensafh

De kulturele organisaasje Tresoar yn Ljouwert siket in nije direkteur. De sittende direkteur Bert Looper giet ynkoarten mei pensjoen. Tresoar is ien fan ‘e wichtichste organisaasjes foar de Fryske taal en kultuer. De provinsjale bibleteek en it eardere Frysk letterkundich museum meitsje der diel fan út.

Lês fierder by It Nijs. Dêr stiet ek in link nei de fakatuere.… Lês fierder