Teleks: ‘sniebaleffekt’, it twadde fers fan Geart Tigchelaar as Streekdichter fan Noardeast-Fryslân

logo.ensafh

Geart Tigchelaar is Streekdichter fan Noardeast-Fryslân 2021-2022 en makket foar RIXT by elk fers in filmke.
It fers ‘sniebaleffekt’ (‘sneeuwbaleffect’) is syn twadde fers dat skreaun is nei oanlieding fan it skoandere winterwaar medio febrewaris.
De Nederlânske oersetting is fan Syds Wiersma.

Sjoch, lês en harkje fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Marieke Lucas Rijneveld geeft vertaalopdracht Amanda Gorman terug na ophef

logo.ensafh

Marieke Lucas Rijneveld geeft haar opdracht om het werk van de zwarte Amerikaanse auteur Amanda Gorman te vertalen terug, zo laat ze weten op Twitter. Het besluit om Rijneveld te vragen, leidde op sociale media tot veel kritiek van mensen die vinden dat het werk door een zwarte persoon zou moeten worden vertaald.

Lês fierder by NULês fierder

Teleks: Pippi-oersetter Martsje de Jong oer ‘Pippi Langkous’

logo.ensafh

‘Oan it begjin fan it ferhaal is Pippi Langkous acht jier. Mar dit jier wurdt se 75! 75 jier en noch altyd populêr. Dat komt om’t it hiele knappe ferhalen binne. Anargistysk. De humor dy’t deryn sit is universeel. It leuke fan Pippi is dat se rap fan tonge is en de gek hat mei folwoeksenen. De grutte minsken yn it ferhaal binne net te fertrouwen – útsein de mem fan Tommy en Annika dan. De skriuwster, Astrid Lindgren, fûn datst bern serieus nimme moatst. Dat se mear kinne as datst tinkst.’

Lês fierder by Heit & MemLês fierder

Aginda 05-03-21: Presintaasje nije roman Geart Tigchelaar

logo.ensafh

Op 5 maart presintearret Geart Tigchelaar syn twadde roman, Om. Mei gastoptredens fan Elmar Kuiper en Jan de Vries sil de presintaasje digitaal plakhawwe op de Facebookside en it Youtubekanaal fan de Afûk.

Geart en syn fyts. Stadichoan is dat in bekend span wurden. Yn Om hat er inkelde ûnderfinings dy’t er ûnderweis opdien hat, ferwurke ta in – sa’t er it sels neamt – psychologyske fytsroman. Stap by haadpersoan Ate efterop en fyts mei troch Dútslân, Denemarken en Sweden. Ate is nammentlik fan doel en fyts nei de Noardkaap, om sa ôf te weven mei syn ferline.

Lês en sjoch fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Petear mei skriuwer Paul van Dijk oer ‘Omke Ûle past op’

logo.ensafh

‘Dit is myn earste printeboek. Ik woe wat moais meitsje foar ús soan Hidde, dy’t no seis jier is. Dat waard Omke Ûle past op. Ik ha earst it ferhaal betocht en op rym skreaun. Doe’t ik dêr tefreden oer wie, ha ik de yllustraasjes derby makke. It is echt in printeboek foar pjutten en beukers, mei in soad byld en net tefolle tekst.’

‘Ik kin net op in keammerke sitten gean en op kommando in ferhaal betinke, dat wurket foar my hielendal net. In idee foar in boek komt spontaan omheech buorreljen. Dat is moai, mar ek ûnhandich, want meastal bart soks as it my hielendal net útkomt.… Lês fierder

Teleks: De grauwe himel fan Foudgum: omtinken foar Piet Paaltjens

logo.ensafh

Foar Johannes Keekstra steane 2021 en 2022 yn it teken fan François Haverschmidt (1835-1894), de dûnmy-dichter fan Ljouwert dy’t bekend waard ûnder de namme Piet Paaltjens. Yn novimber wol er in boek oer Haverschmidt klear hawwe: Onder Frieslands grauwe hemel. En yn 2022 moat der in teäterproduksje komme by de tsjerke fan Foudgum.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder