Teleks: Startsubsydzje Provinsje Fryslân foar Frysk Audio Argyf  + petear mei Josse de Haan

logo.ensafh

Startsubsydzje Provinsje Fryslân foar Frysk Audio Argyf 

Provinsje Fryslân hat it Frysk Film Argyf in startsubsydzje ferliend foar de realisaasje fan in Frysk Audio Argyf yn de perioade 2021-2024. Tresoar draacht ek finânsjeel by oan it projekt. It Frysk Film Argyf hie al langer de ambysje om njonken film- en fideomateriaal ek wichtich Frysk audio erfgoed te argivearjen en foar in breed publyk tagonklik te meitsjen. Oant no ta ûntbrutsen dêr de finânsjele middels foar.

Fryslân hat rike audiokolleksjes dy’t net of hast net bekend binne. Se lizze ferburgen yn de depots fan Tresoar en oare Fryske musea en erfgoedynstânsjes. Dat sil no oars.… Lês fierder

Teleks: Nakomeling van Dante zuivert de naam van zijn voorouder

logo.ensafh

In 1302 werd de schrijver Dante Alighieri in Florence veroordeeld wegens corruptie. Als hij ooit zou terugkeren naar de stad, zou hij worden gedood.

Begin 14e eeuw streden twee politieke groeperingen in de stadstaat Florence om de macht.

Het waren de ‘zwarte Welfen’, die achter de paus en zijn invloed op de Italiaanse samenleving stonden, en de ‘witte Welfen’, die de macht van de paus wilden beperken.

Lês en sjoch fierder by HistoriaLês fierder

Teleks: Strukturele taaldiskriminaasje ryksoerheid

logo.ensafh

De Ryksoerheid docht struktureel oan taaldiskriminaasje en hâldt de ûngelikensens tusken it Frysk en Nederlânsk yn stân. Dat hat de Jongfryske Mienskip fêststeld op basis fan de foarriedige kabinetsreaksje op de 7e Hânfestrapportaazje foar it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden en de 4e rapportaazje foar it Ramtferdrach beskerming nasjonale minderheden fan de Ried fan Europa.

De Jongfryske Mienskip mocht dêrop reagearje. De reaksje dy’t de JFM nei it ministearje fan Ynlânske Saken stjoerde, stiet hjir ûnder.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Deputearre Poepjes wol prate mei âld-winners ‘Gysbert’ oer soargen

logo.ensafh

Deputearre Sietske Poepjes giet graach it petear oan mei fjouwer âld-winners fan de Gysbert Japicxpriis, dy’t deroer yn sitte wa’t de priis takent. Eppie Dam, Aggie van der Meer, Koos Tiemersma en Abe de Vries skriuwe yn de Ljouwerter Krante fan tiisdei dat se har soargen meitsje oer it feit dat de advyskommisje net folslein bestiet út literêr spesjalisten.

Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân

Sjoch ek by de Ljouwerter KranteLês fierder

Teleks: Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2021 beneamd

logo.ensafh

Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde binne troch Deputearre Steaten beneamd as leden fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2021. Dy priis foar Frysk literêr wurk wurdt op sneon 6 novimber útrikt. Provinsje Fryslân, Tresoar, gemeente Súdwest Fryslân en de Gysbert Japicx Holckema Stichting organisearje yn dy moanne in literêr wykein yn Boalsert. Dêr sil de winner de priis yn ûntfangst nimme.

Der binne fan ’t jier gjin nominaasjes foar de priis. De Gysbert Japicxpriis jout erkenning foar de literêre kwaliteit fan de priiswinnende skriuwer. De skriuwer heart dêrmei by de literêre top fan Fryslân. Om de priis syn gerak te jaan, giet alle omtinken út nei de winner en syn of har wurk.… Lês fierder

Teleks: Mear as tritich jier fêsthâlde oan in idee (3)

logo.ensafh

Brede Maatskiplike Diskusje Frysk (3)

Wat ik sa nuver fyn, is dat in laach fan Fryske kultuer-pommeranten it normaal fynt dat hja al desennia ûnderling deliberearje oer it Frysk, oer de takomst fan de taal, it ûnderwiis yn it Frysk en dat soarte fan saken. Yn advysgremiums en mei sympoasia bygelyks. Sûnder dat it in soad opsjit.

Yn dyselde rûnten wurdt meast ôfhâldend reagearre op it idee fan in BMD. Soe it stadichoan net ris better wêze en lit ‘gewoane’ Friezen kedize oer it Frysk en wat dêrmei anneks is? Dat smyt nei alle gedachten net minder op as it krewearjen fan de beropsfriezen…

Lês fierder by Willem Verf op It NijsLês fierder