Teleks: Dichter fan Fryslân-gedicht ‘Anne en Arie’ yn fideokomplilaasje UNESCO Ynternasjonale Memmetaaldei

logo.ensafh

Op snein 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaledei. It NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity) makket foar dit jier in meartalige fideokompilaasje fan sprutsen kulturiele uterings yn lytse talen. Ek de Dichter fan Fryslân is frege om in bydrage te leverjen.

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Noard-Frysk wurdboek online

logo.ensafh

Fan it Westerlauwersk Frysk en it Sealterfrysk wiene al langer goede online-wurdboeken. It Noard-Frysk, dat praat wurdt yn de noardlikste Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein, folget no. Mei stipe fan de Dútske oerheid hat de Fryske Rie in wurdboek op ynternet set dat wurden oersette kin út it Noard-Fryske dialekt Mooring yn it Dútsk en oarsom om.

It wurdboek befettet sa’n 36 tûzen wurden en is te finen op https://www.friesisch.net/.

Boarne: It Nijs

Lês fierder

Teleks: Priisfraag ‘Skriif ’t mooiste Bildtse pangram!’

logo.ensafh

Soa nou en dan wat tiid over? Fynstou ’t mooi om kreätyf met taal te wezen? Stort dy dan op deuze priisfraag! Stichting Bildts Aigene daagt alle Bilkerts út en skriif ’t mooiste Bildtse pangram!

Wat is ’n pangram? ’n Pangram is ’n kort sintsy der’t alle letters fan ’n taal in foorkomme. De meeste mînsen sille ‘The quick brown fox jumps over the lazy dog’ wel ’s op ’e kompjoeter teugenkommen weze. Andere mooie foorbeelden binne de Hollânse ‘Acht sexy vrouwen jagen op kleiduif in Mozambique’, de Frise: ‘Alve bazige froulju wachtsje op dyn komst’ (sonder aksintletters) en de Dútse: ‘Fix, Schwyz!”… Lês fierder

Teleks: Petear mei Jentsje Popma

logo.ensafh

Byldzjend keunstner Jentsje Popma wurdt dit jier hûndert: ‘It libben is in wûnder’

Tsien jier lyn sette er syn lêste skilderstreken nei in warber libben yn de byldzjende keunst. It Frysk Museum hat wurk fan him, museum Belvédère. Hy makke brûnzen bylden fan Gysbert Japicx, Piter Stuyvesant en Anne Vondeling dy’t yn Fryslân te finen binne. Tsjerken en skoallen hawwe wurk fan him yn kezinen en op muorren. Noch altyd wennet de byldzjend keunstner thús yn Ljouwert.

Lês fierder by It Friesch DagbladLês fierder

Teleks: ‘De Grutte Xi LinPing’, Aggie van der Meer har earste moannegedicht op RIXT

logo.ensafh

De Grutte Xi LinPing

‘De Grutte Xi LinPing’ is Aggie van der Meer har earste moannegedicht fan febrewaris 2021.

De Grutte Xi LinPing

se groetsje
se bûgje
dan easkje se it earste wurd

hy, XI, ferbjustere
net ien sil de macht, him tabeskikt
syn sterke hân en doel ûntnimme
hie der in oar behâld west
foar har, foar him
wie der in oare kar?

Lês fierder by RIXTLês fierder