Teleks: Mear as tritich jier fêsthâlde oan in idee (2)

logo.ensafh

Brede Maatskiplike Diskusje Frysk (2)

Kwa status hie it Frysk iuwenlang neat om ’e hakken: yn it bestjoerlik ferkear waard it net brûkt. Der wie gjin ûnderwiis yn de taal. Likegoed oerlibbe it Frysk op it plattelân, tanksij in relatyf isolemint en de sterk op lânbou rjochte ekonomy fan ús regio. De measte minsken wiene analfabeet. Sa koe it Frysk as folkstaal bestean bliuwe.

Lês fierder by Willem Verf op It NijsLês fierder

Teleks: Fryslân hellet flinke koroanastipe yn foar kultuer

logo.ensafh

Der komt omtrint 1,4 miljoen euro nei Fryslân as stipe foar kulturele ynstellingen. It ministearje fan Ynlânske Saken stelt it bedrach beskikber foar primêr provinsjaal subsidiearre ynstellingen. It jild is bedoeld as kompensaasje foar koroanaskea. De provinsje Fryslân makke in ynventarisaasje fan de skea yn it earste healjier oant 1 juny fan 2020 en rûsde dy op 1.396.319,- euro. It folsleine bedrach waard takend.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: ‘Klisjees’, it earste fers Geart Tigchelaar as Streekdichter fan Noardeast-Fryslân

logo.ensafh

Geart Tigchelaar is Streekdichter fan Noardeast-Fryslân 2021-2023 en makket foar RIXT by elk fers in filmke.
It fers ‘klisjees’ (‘clichés’) is syn earste fers dat skreaun is nei oanlieding fan it tema ‘mei-inoar’ fan de Poëzywike.
De Nederlânske oersetting is fan Syds Wiersma.

Sjoch en harkje fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Tomke siket (in) skriuwer(s)

logo.ensafh

Yn 2021 wurdt Tomke 25 jier! Njonken feestlike (ekstra) aktiviteiten en it ferskinen fan nije materialen en boekjes, is dat ek in moaie oanlieding om in skriuwwedstriid te organisearjen. Foar de kommende jierren wurde ien of mear skriuwers socht om de skriuwgroep oan te foljen. Wa’t ek ferhalen skriuwe wol oer it libben fan Tomke, kin meidwaan oan de Tomke-skriuwwedstriid.

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder

Teleks: Frysk dichter Jan J. Bylsma ferstoarn

logo.ensafh

De Fryske dichter Jan J. Bylsma is yn de âldens fan 89 jier stoarn. Bylsma hat in protte jierren aktyf west yn de Fryske literatuer. Hy hat seis dichtbondels skreaun en ien roman. Fierders hat er kabaretteksten skreaun foar Rients Gratama en hat er De Fûke fan Rink van der Velde yn it Nederlânsk oerset. Bylsma hat alve jier yn de redaksje sitten fan it Frysk kultureel moanneblêd De Strikel.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder