Teleks: Winner Bêste Frysktalige Redaksjestik 2023 is fan Diggelfjoer Wommels

logo.ensafh

Woansdei 6 maart wie de priisútrikking fan it Bêste Frysktalige Redaksjestik fan gemeente Súdwest-Fryslân. Elts jier ropt de gemeente doarpskranten yn Súdwest-Fryslân op om harren bêste Frysktalige stikken yn te stjoeren. Dêrmei kinne se in moaie jildpriis winne. De redaksje fan Diggelfjoer út Wommels hat it bêste Frysktalige stik skreaun fan 2023. Se winne dêrmei 300 euro. Op it twadde plak is de redaksje fan Diggelfjoer Fjouwer Doarpen (Rien, Itens, Hinnaard, Lytse Wierrum) eindige. Sy winne 200 euro.

Lês fierder by Groot SneekLês fierder

Teleks: Nederlânsk Berneboekewikegeskink 2024 ek yn it Frysk

logo.ensafh

It Nederlands Kinderboekenweekgeschenk 2024 ferskynt foar de twadde kear yn it Frysk. Pieter Koolwijk (1974) skriuwt it boek yn it Nederlânsk. Rymke Zijlstra is frege om de Frysktalige oersetting te fersoargjen.

It is de twadde kear dat it Nederlânsk Berneboekewikegeskink tagelyk yn it Frysk ferskynt. Yn 2022 ferskynde Waanzinnige boomhutverhalen (oarspronklik publisearre yn it Ingelsk) mei in Fryske oersetting fan Martsje de Jong ûnder de titel Healwize beamhutferhalen. Yn 2023 ferskynde der gjin Fryske oersetting, mar yn 2024 dus wol wer.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Gerrit Hiemstra skriuwt Grut Frysk Diktee oer de ympakt fan it klimaat

logo.ensafh

Op tiisdei 23 april sit de Steateseal fan it Provinsjehûs wer fol mei swittende minsken dy’t de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee sûnder flaters besykje te skriuwen. Waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra skriuwt dit jier de dikteetekst.
Ferline jier waard de tekst skreaun troch sjongeres Iris Kroes, doe gie it oer in bepaalde faze yn it libben. Dit jier weaget Gerrit Hiemstra him oan it skriuwen fan de dikteetekst dy’t gean sil oer de ympakt fan it klimaat.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 08-03-2024: Stellingwarfs-Friese literaire middag

logo.ensafh

Vandaege over een weke, op 8 meert, is d’r een Stellingwarfs-Friese literaire middag in de biebeltheek van Wolvege. De middag is van 14.30 ure tot 16.00 ure en zal verzorgd wodden deur de Friese schriever Douwe Kootstra en de Stellingwarver schriever Johan Veenstra. Dat bin ik dus. En dat allemaole naor anleiding van et uutkommen van Naozoemerlaand, mien dattigste boek.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Teleks: Fers fan Baukje Wytsma yn útstalling Threads yn Manchester

logo.ensafh

Bûsdoeken mei it fers Bining fan skriuwster Baukje Wytsma (1946-2022) binne te sjen yn de útstalling Threads fan Manchester UNESCO City of Literature.

Tekstyl en triedden binne djip ferweve yn ‘e skiednis fan Manchester. De stêd en de omlizzende stêden waarden lange tiid sjoen as ‘Cottonopolis’, fanwegen de enoarme bydrage oan de katoenyndustry.

Yn de útstalling binne ûnder oare meartalige teksten en tekstyl út UNESCO Cities of Literature Odessa, Reykjavik, Granada, Ljouwert, Wroclaw, Melbourne, Exeter, Nottingham en Manchester sels te sjen.

Lês en sjoch fierder by leeuwardencityofliteratureLês fierder