Teleks: petear mei Tsead Bruinja

logo.ensafh

Tsead Bruinja zwaaide vorige week af als Dichter des Vaderlands, ten gunste van Lieke Marsman. We kijken met hem terug op zijn Dichterschap. En wat is nou de taak van poëzie?

Noem het maar toeval. De wisseling van de wacht bij het Dichterschap des Vaderlands viel vorige week zo ongeveer samen met een van de indrukwekkendste voorbeelden van poëzie in de openbaarheid, van wat een gedicht wel niet kan doen.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Teleks: Bysûndere gedichten fan doarpsdichter op Gedichtedei

logo.ensafh

Tongersdei hat boargemaster Oebele Brouwer gedichten útrikt oan twa ynwenners fan Achtkarspelen. De gedichten binne fan de eigen doarpsdichter Arjan Hut. ‘Dêr binne wy tige grutsk op, fanwege it stimulearjen fan it kulturele en literêre libben yn ús gemeente’, neffens Brouwer. ‘It helpt by it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal. Omdat it 28 jannewaris Gedichtedei is, is der no oandacht foar Arjan en syn Fryske gedichten.’

Lês en sjoch fierder by rtvnofLês fierder

Teleks: Rely-priisfraach wer los

logo.ensafh

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2021 is iepensteld. It is de 67ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. Oant en mei snein 9 maaie o.s. kin ynstjoerd wurde. De sjuery foar 2021 bestiet út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal.… Lês fierder

Teleks: Wjerspegelje ‘Fryske gedichten op spegels’

logo.ensafh

Op 28 jannewaris, nasjonale gedichtedei, hawwe MerkFryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature yn Ljouwert it mienskiplik projekt’Wjerspegelje’ lansearre. Yn Post-Plaza waard it nijste gedicht fan Dichter fan FryslânNyk de Vries ûntbleate, dat dêr diel fan útmakket. ‘Wjerspegelje’ brûkt it ferplichte 20-sekonden-hannewaskmomint om Fryske dichters in nij poadium te jaan.

Foar it projekt die Martin Cnossen, direkteur Merk Fryslân, ynspiraasje op yn Swol:
“Ik haw dêr it projekt ‘Weerspiegelen’ sjoen, wêrby’t op spegels yn hoarekagelegenheden gedichten oanbrocht binne. Je keppelje sa stipe oan de gastfrijheidssektor oan kultueroanbod foar besikers. It like my moai om dêr twa aspekten oan ta te foegjen: it bieden fan in nij poadium oan Fryske dichters én it sichtberder meitsjen fan de Fryske taal.”… Lês fierder

Teleks: Geart Tigchelaar nije streekdichter Noardeast-Fryslân

logo.ensafh

Geart Tigchelaar hat it streekdichterskip fan Noardeast-Fryslân oerdroegen krigen fan Jankobus Seunnenga. Hy mei de titel foar twa jier drage.

Tigchelaar sil as streekdichter de poëzij nei de minsken bringe, letterlik, wannear’t er mei gedichten de merk op sil. De minsken krigen hjoed sa syn earste gedicht as streekdichter te sjen. Klisjees is skreaun nei oanlieding fan it tema ‘Samen’ fan de poëzywike.

Lês en sjoch fierder by RIXT

Sjoch ek by RTV NoordoostLês fierder