Teleks: Europeeske Kommisje wol gjin nije wetten om minderheidstalen te beskermjen

logo.ensafh

De Europeeske Kommisje makket gjin wurk fan it Minority SafePack, it boargerinisjatyf om lytsere talen lykas it Frysk better te beskermjen. It inisjatyf waard ûndertekene troch mear as in miljoen Europeanen, ûnder wa in soad Friezen. “It is spitich dat dit beslút net naam wurdt troch keazen folksfertsjintwurdigers, mar troch burokraten dy’t ús al fan it begjin ôf tsjinwurkje”, sizze de inisjatyfnimmers.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Yn-it-sin-bringer Grutte Gedichtejûn 2021

logo.ensafh

Bêste dichter/poëzyleafhawwer! Noch in wike de tiid!

Ut namme fan ‘e redaksje fan Ensafh winskje ik jo alderearst alle goeds ta foar 2021.

Dat sein hawwende soe ik jo graach de Grutte Gedichtejûn yn it sin bringe wolle. Dy jûn is ditkear digitaal, dat wy freegje jo om in filmke op te stjoeren.

Sjoch dêrfoar it ûndersteande berjocht of besjoch it filmke fia dizze keppeling: https://www.ensafh.nl/?p=60541

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze en giet freedtejûn 5 febrewaris om 19:30 oere yn premjêre.… Lês fierder

Teleks: Voice Challenge Nederlânsk – Frysk

logo.ensafh

Voice Challenge Nederlânsk – Frysk

De Hogeschool van Amsterdam, Rijksuniversiteit Groningen en Mozilla Common Voice organisearje tusken 15 en 22 jannewaris 2021 in Voice Challenge Nederlânsk-Frysk.
It doel is om yn in wike sa folle mooglik Nederlânske en Fryske stimmen te sammeljen.
Troch op de Common Voice-website [1,2] sinnen yn te sprekken en opnamen fan oaren te falidearjen, learsto in kompjûter hoe’t in gewoane Fries of Nederlanner sprekt. Sa helpsto mei in Fryske en Nederlânske iepen boarne spraakdatabase te bouwen.

Sjoch foar mear ynformaasje by conversational.amsterdamLês fierder

Teleks: Pyt Kramer syn wurken oer Sealterfrysk online te riedplachtsjen

logo.ensafh

Pyt Kramer út Mildaam helpt de Sealterfriezen yn Dútslân mei it tagonkliker meitsjen fan harren taal. Kramer is al jierren yn de ban fan it Sealterfrysk. Hy is ek eareboarger fan Saterland dêr’t noch mar in pear hûndert minsken Sealterfrysk prate. Al Kramer syn wurken oer dizze taal stean no op de webside seeltersk.de.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder